Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: bos Place of Narration: Harkema
In man fan 'e Koaten moest nei 't Fean ta. Hy wie oproppen om by notaris to forskinen. Doe't er op 'e Hamster Paden wie, en krekt oer in houtsje roan, woarde der roppen: "Bist dêr?" "Ja", antwurde hy. Hy roan oer 't hout, hy seach ûnder 't hout en rounom om him hinne, mar der wie nergens hwat to sjen. En doch hie die stim flak by him west. Hy wie skruten...
nl.verhalenbank.15532
Yn 'e Bosk - hjir yn 'e Harkema - roannen nachts twa neakene berntsjes om. Dy spoeken dêr. Foppe de Haan hat se dêr alris troffen. Hy doarst der letter noait wer by nacht lâns.
nl.verhalenbank.25742
Greate Mindert wie in ôfgrysliken fretter. Mar Fokke Faber net minder. Dy beiden ha togearre sûnder ligen in kookpot fol bargejirpels opiten. Ien kear hat Fokke Faber pûr allinne in heal skiep opfretten. Mar doe krige er 't sa krap, dat hy treau beide hannen troch it tek en sei - hwant hy praette net fris - : "Fokke ma lucht ha." Dat wurdt nou noch wol út...
nl.verhalenbank.15618
Lytse Bearn (van der Veen) gong alle moarnen om fjouwer ûre yn 'e moarn nei de boer ta op it Wytfean, dêr't er arbeider wie. Hy moest dan troch de bosk, dat se nou de Bulten neame. Dêr wienen dan faek in stik of hwat katten byelkoar, dy't dêr in forgadering hâldden. Dêr wie Alle Tet ek by. (as kat)
nl.verhalenbank.17378
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei...
nl.verhalenbank.12984
Der wie in man, dy hie in buchel. Mar hy woe graech trouwe mei in kant frommeske, ien mei in rjochte rêch, dêr't neat oan mankearde. Doe stjûrden se him de bosk yn. Dêr moest er in rjochte beam útsykje. Foun er sa'n ien, dan soed er sa'n frommeske ha lyk as er bigearde. Hy socht en socht, mar hy koe net in inkelde beam fine dy't alhiel rjocht wie. Doe't...
nl.verhalenbank.21563
Myn pake wie ek in Eise Poal. Wy stamme fan Poalen ôf. Yn 'e Frânske tiid woarden twa bruorren (Nederlanners) tidens in Frânske razzia pakt. 't Wienen twa Napoleonssoldaten. De beide bruorren woarden oer Drachtster Kompenije fierd oer de Marrewykster paden via de Dwarsfeart op nei Drachten. Ien roan achter en ien roan foar. Dêr tusken yn de beide...
nl.verhalenbank.22141
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema. Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong. Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497
Yn 'e Hamsterheide wenne us in man, dy wie sterk oan 'e drank. Hy spotte altyd mei de duvel. Doe woarde er op in kear samar oer de boskjes hinne smiten, dêr't er foar dea lizzen bleau. It wiif hat him de oare moarns op in karre nei hûs ta brocht. Hy hat gâns in skoft siik west.
nl.verhalenbank.21249
35