Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: beschermen Place of Narration: Harkema
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Foar in nachtmerje mat men de klompen omkeare en ûnder 'e drompel duveldrek lizze.
nl.verhalenbank.33411
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter. Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
Harme Antsje Willem fan Eastemar (Heechsân) hie altyd rogge yn 'e bûse. "Hwant," sei er, "dan dogge se my neat. Dan wurd ik biskerme. Rogge is heilich."
nl.verhalenbank.21933
Der wie in doomny, dy woarde de nachts helle by in âld-minske. It wie in hiel ein rinnen. 't Wie alhiel fan Bomkleaster nei Readskuorre ta. Dêr to Readskuorre stie in boereplaets en dêr tichteby in arbeiderswente en dêr wenne dat âlde minske yn. Dat âld-minske wie siik. Sy gong altyd fan 'e kelder yn 'e gong en fan 'e gong yn 'e kelder. Der sieten reade...
nl.verhalenbank.32998
Om jin tsjin nachtmerjes to biskermjen mat men in nuddel yn 'e bêdsplanke dwaen.
nl.verhalenbank.27414
Der wie ien, dêr hie'k de pik op yn. Ik woe him wol deameitsje. Hwant ik wie yn myn jonge jierren in earsten fechtersbaes. Op in joun stie ik by de Lauwers op 'e Provinsiale wei dy't rint fan Surhústerfean nei Grinzer Pein. Ik wachte deselde ôf, dy't der oan gelove moest. Ik paste op him. Doe't hy der oan kom, woe 'k nei him ta, mar ik koe net. It wie...
nl.verhalenbank.12487
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
35