Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: begraven Place of Narration: Harkema
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje. It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne. Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die. Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
De Reitsma-wei, dat wie froeger in sânpaed mei diken. Myn broer Klaes en Simen (dat wie syn maet) roannen dêr us op in joun lâns. Doe sei Klaes tsjin Simen: "Oan kant, jonge, rûmte jaen." Doe passearde der in lykstaesje. Klaes seach it, mar Simen seach it net.
nl.verhalenbank.27285
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Heit en myn broer wienen oan 't terskjen. Doe siet der in hiele dikke kat yn 't achterhûs. Sy hienen dy kat yn 'e rekken en formoeden wol hwa't it wie. Myn broer joech him in slach mei de heafoarke. De kat wie dea (tominsten, dat mienden se). Sy soenen in gat meitsje en de kat bidobje, mar doe woardde der roppen: "Kofje drinke!" Dat doe soenen se de kat...
nl.verhalenbank.16892
Myn broer Wierd hie in dochter, dy hie in feint, dat wie Roanes Pander. Hja is letter mei him troud. Op in nacht kom er by har wei, hy soe wer nei hûs ta, doe trof er in lykstaesje. Hy woarde sa binaud, dat hy gong werom nei Wierd en dy ta. Hy wie alhiel fan 'e wize.
nl.verhalenbank.27284
Der mat hjir us in frou stoarn wêze, dy krige in deakleed om, dat wie har to lang. Dêr kom se mei yn 'e kiste en yn 't graef. Mar it minske koe de rêst net krije. Sy kom út it graef wei en gong nei 't hûs fan de man en dan sei se: "'t Is to lang." Dan die se de boppedoar iepen en dêr stie se dan oerhinne. Doe sei de man op in kear: "As 't to lang is, smyt...
nl.verhalenbank.24341
Teake Postma wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Nachts gong hy der ôf en dan seach er lykstaesjes. Hy hat de hiele bigraffenis sjoen fan Lefferts Willemke yn 'e Bosk (yn 'e Harkema). Fan to foaren hat er de hiele bigraffenis útskildere. Der roan in wyt hynder foar de boerewein. Hy fortelde hwa't de foargong hie, hoefolle man der achteroan...
nl.verhalenbank.15895
Doe't heit 65 jier âld wie troude er foar de twadde kear mei âlde Pyt. Pyt hie al twa manlju yn 't graef. Heit hat net lang mei har troud west. Yn 1938 stoar hy oan 'e kanker. Pyt har bern en wy krigen doe greate rûzje. Wy woenen ús heit op 'e Heide op 't tsjerkhôf ha njonken ús mem. Pyt woe him yn 'e Ham op 't hôf ha njonken har beide oare manlju. De...
nl.verhalenbank.15882
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Der wienen twa man by in kaertlizter. Mar se leauden net hwat it minske sei. Se seinen: "Dit is hjir neat wurdich." Doe blyndoeke it minske de beiden en brocht se yn in oare keamer. Dêr leinen allerhande wikseldaelders op 'e tafel. Dêr koenen se elk ien fan meinimme. Mar de beide maten wegeren. Doe krigen se elk in briefke mei. Mar dat briefke koenen se...
nl.verhalenbank.20151
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Taeke Postma, in broer fan myn mem/man, hat us hwat sjoen. Hy kuijere mei noch in stik of hwat fan syn maten nei de wei ta. Wy wennen doe oan 'e Boskreed. Doe sei er tsjin 'e oaren: "Even oan kant. Der komt hwat oan. 't Is in lykstaesje." 't Wie in lytsen-ien, fan in bern. Gau dêrnei forlearen guon in bern. Taeke sei: "Dat is 't net." In skoftsje letter...
nl.verhalenbank.24330
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..." Dat gebeurde de iene joune nei de oare. Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe...
nl.verhalenbank.32989
35