Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
19 results
Place of Narration: Garyp
Alde Baeije fan Sumarreheide roan mei de bolkoer. Sy seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.23118
Tsjoensters kinne har soms yn hazzen foroarje. Mar meast yn blauwe katten.
nl.verhalenbank.23035
Alde Piter-om yn Sumarreheide hat sjoen dat ien soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme liet.
nl.verhalenbank.17112
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Us mem fortelde dat, doe't se noch faem wie, doe kom der us in feint by har yn Aldegea. Dy sei: "Sil ik us soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte?" Doe hied er dat dien en dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22770
Hienen guon forlet fan drank, dan stjûrden se klaverboer der op út. Dan kaem der even letter in drankflesse oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oannimme.
nl.verhalenbank.31530
In soan fan Imke de Jong hat tagelyk mei my ûnder tsjinst west. Imke wie koopman. Ien fan 'e mannen ûnder tsjinst sei us in kear: "Nou bin ik myn boekje kwyt." (Hy kom werom fan 'e stêd) Imke syn soan sei tsjin ien fan 'e mannen: "Dû hast syn boekje yn 'e bûs." En doe wie dat ek sa.
nl.verhalenbank.22997
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
Alde Tsjerke Bet har mem Marij (Douwe' Marij) wie in tsjoenster. Doe't se in lyk wie, bleau se slap. krekt sa slop as in spouns. Sy hat noait stiif west lyk as in gewoan minske. Dat is mei alle tsjoensters it gefal.
nl.verhalenbank.21334
As de lytse bern tsjirmen moest Piter Poes komme. Piter Poes koe de soldaten ta de hurddobbe útkomme litte. De bern wienen stjerrend-binaud foar him.
nl.verhalenbank.21773
Ek us in kear, doe krigen wy grouwe earten. Imke de Jong syn soan iet se net allegear op. Sa nou en dan lei er in leppelfol njonken it board del. Dan sei er tsjin dy grouwe earten: "Af! Mars." Dan hipten dy grouwe earten allegear nei korporael Brulma ta.
nl.verhalenbank.22999
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Imke de Jong koe minsken fêstsette. Mar hy koe noch folle mear. Tjeerdsma fan Aldegea hat mei him ûnder tsjinst lein yn Ljouwert, tagelyk mei Imke. Dy Tjeerdsma fortelde my, op in kear doe hienen se lege patroanekisten op in karre laden. Dy kisten moesten dêr op fêstboun wurde. Doe helle Imke syn bûsdoek ta de bûse út, in gewoane bûsdoek. En dy ruts er al...
nl.verhalenbank.31528
De soan fan Imke de Jong koe ek gûchelje. Hy koe tige min mei de korporael Brulma oer de wei. Op in kear skepte Brulma snert yn. De panne, dêr't de earten yn sieten, wie sa slop as in flarde. 't Wie papier. De earten tûmelen der út en de korporael krige se allegear yn 'e broek. Dat wie it wurk fan Imke syn soan.
nl.verhalenbank.22998
Ik wie noch mar in jonkje, doe rekke âlde Hâns Stelwagen siik. Hy woarde sa min, dat der woarde by wekke. Syn soan Japik wekke by him en de feint Klaes Bylsma. De âld man wie bitsjoend. Doe wienen der ynienen allegear swarte katten achter hûs, 't wie der fol. Klaes en Japik krigen elk in heafoarke en stutsen dy der yn. Mar der rekke noait ien fan dy...
nl.verhalenbank.23029
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra. Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern. Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn...
nl.verhalenbank.21337
19