Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
67 results
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Garyp
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23042
Hjir yn Garyp hat in bakkerij stien, as se dêr de ovensdoar ticht dienen, dan gong dy altyd fansels wer iepen. Net ien wist hoe't dat siet. Sy hearden wolris hwat yn 'e nacht. Dat wie dan de ovensdoar.
nl.verhalenbank.22798
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
Yn 'e Easterein fan Garyp is in reedtsje foar it hûs fan Wibe Spoor. Yn dat loantsje roan altyd in fôlle mei in krûk om 'e hals. Dy is troch forskeidene minsken sjoen woarn. Hy roan oan 'e wei ta en dan werom, it loantsje del.
nl.verhalenbank.23041
Oan 'e Gravinneloane mat froeger in gravinne mei koets en hynder en al yn 'e groun sakke wêze. Sûnt spûket it dêr. De Gravinneloane bigjint by de 'Koekoek'.
nl.verhalenbank.23033
Op 'e Iniaheide ûnder Garyp spoeke it. Dêr wennen twa âlde minsken: Goaitzen Elzinga en syn wyfke. Sy wennen yn in âld húske. Elke joun kom dêr by 't tsjuster in wite hân oer de ûnderdoar hinne.
nl.verhalenbank.21343
Skoanheit is in kear oer de hage set op 'e Harsteloane. Hy hat noait ien sjoen dy't him dat lapte.
nl.verhalenbank.32493
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Greate Evert wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie altyd warber by tsjustere moanne. Dan stuts er syn lange megere holle fan achteren oer 't skouder fan 'e minsken hinne en dan waerden se deabinaud. 't Wie in spoek.
nl.verhalenbank.31516
Hjir yn Garyp wenne froeger in widdou. Dat minske wie der deis altyd op út to arbeidzjen om in deihier to fortsjinjen. Har famkes moesten dan it wurk thús dwaen. Mar dêr kom noait hwat fan. It spul wie noait in kear fan kant as de widdou thús kom. Doe biskrobbe se de famkes. Mar doe seinen dy: "Hjir komme alle dagen twa famkes by ús. Dy binne neaken en sy...
nl.verhalenbank.20250
Ik wie in jonge fan sawntjin jier. Ik lei op bêd. Doe hearde ik de tsjerne gean mei trije pompen, dan wie 't stil. Even letter wer trije pompen, dan wie 't wer stil en sa gong dat mar troch. 't Wie yn 'e nacht. De houn ûnder 'e moune spûkgûlde. Ik lei yn 't bûthús. Ik gong by 't bêd del. Doe koe 'k it noch better hearre. Mar hwat dat west hat, haw ik...
nl.verhalenbank.17109
It gebeurde op 'e Tike dat der ergens by minsken yn it achterhûs trije neakene berntsjes forskynden. Dat gebeurde herhaeldelik. Dy berntsjes dounsen om 'e stile hinne. De stumperkes hienen gjin deaklean meikrigen. Dat binne de lju gewaer woarn, dy't dêr doe wennen. Doe ha se op in kear dêr om 't hoekje by de doar foar elk fan 'e berntsjes in stel deaklean...
nl.verhalenbank.21094
Alde Antsje Kak fortelde us, hja hienen it froeger tige earmoedich hawn. Sy wennen by de polderdyk ûnder Aldegea. 't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant yn 'e hûs. Antsje wie doe noch in famke. Doe woarde Antsje mei noch ien fan 'e bern der op in joune let yn 't tsjuster op út stjûrd om stikum hwat turf to heljen út ien fan 'e turfhopen, dy't dêr...
nl.verhalenbank.22909
In muoike fan ús gong us op in kear fan Garyp nei Aldegea oer de barten. Sy hie in kammeraetske by har. Dy barten, dat wie letter in betonbrechje, 't is der nou wei. Sy wienen der krekt oer hinne, doe woarden se opnom, sûnder dat se der sels erch yn hienen en sa woarden se op in hiel oar plak oer de feart set en stienen se wer oan 'e Gariper kant. Doe...
nl.verhalenbank.22910
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou. Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei. Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal." De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
Yn Garyp, yn 't spultsje fan Hidde (v.d. Bij) en Hindrikje siet Age us op in joun. Dy die oars neat as sweare en swetse. Age wenne op Sumarreheide. Hy leaude oan neat, sei er, mar às der dan hwat to sjen wie, dan woe hy wol us trije neakene froulju sjen. Doe gong er by Hidde en Hindrikje wei. Hy sette de stap der ûnder nei Sumarreheide ta. Mar ûnderweis,...
nl.verhalenbank.20321
It gebeurde op in nacht oan 'e Hearrewei dat in feint in faem nei hûs ta bringe soe. Mar doe koenen se ynienen net fierder. It wie krekt as wie der in hiel great wyt lekken fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare spand. It wie spûkerij, sy binne doe werom gong.
nl.verhalenbank.20307
67