Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: wit Place of Narration: Garyp
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
Op 'e Tike wie in houtsje, dêr spûke it ek altyd. Net ien koe dêr oerkomme sûnder dat der hwat gebeurde. Dat der doarst op 't lêst net in minske mear oer. Doe ha se de dûmny der by helle. Dy hat it spûk oansprutsen. Doe hat dy dûmny de ried jown, sy moesten in wite bûsdoek op it houtsje lizze. Dat ha se ek dien en sûnt dy tiid ha de minsken dêr fan...
Achter Burgum spoeke juffer Lys, dy wie yn 't wyt klaeid. Se die de minsken neat.
Oan 'e Susterwei - dy rint fan bakker Welling oan 'e polderdyk ta - spoeken altyd trije wite dames. Dat wienen susters, dy kuijeren dêr om. Sa hat dy wei ek de namme Susterwei krige.
nl.verhalenbank.20251
Doe't wy op 'e Koai wennen to Sigerswâld (Garyp), en ik sahwat 6 jier âld wie, roan der in frommes op Harings Finne (in binnenpaed, healwei de Sigerswâldsterdyk ôf, 3 stikken lân del oan Haeije Hoekstra ta). It wie in frommes mei in wite mûtse op. Dat frommes spoeke dêr. Yn 'e midden wie in hiele greate dobbe. Dêr woard se yn wei. In hiele protte lju ha...
nl.verhalenbank.31523
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) spoeken wite juffers. (Dêr hat foarhinne in kleaster fan wite nonnen west)
nl.verhalenbank.23032
Op 'e Iniaheide ûnder Garyp spoeke it. Dêr wennen twa âlde minsken: Goaitzen Elzinga en syn wyfke. Sy wennen yn in âld húske. Elke joun kom dêr by 't tsjuster in wite hân oer de ûnderdoar hinne.
nl.verhalenbank.21343
It gebeurde op in nacht oan 'e Hearrewei dat in feint in faem nei hûs ta bringe soe. Mar doe koenen se ynienen net fierder. It wie krekt as wie der in hiel great wyt lekken fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare spand. It wie spûkerij, sy binne doe werom gong.
nl.verhalenbank.20307
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
9