Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Garyp
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje." Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by. "Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt." Mar...
nl.verhalenbank.22912
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra. Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Skoanheit is in kear oer de hage set op 'e Harsteloane. Hy hat noait ien sjoen dy't him dat lapte.
nl.verhalenbank.32493
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
Yn Garyp, yn 't spultsje fan Hidde (v.d. Bij) en Hindrikje siet Age us op in joun. Dy die oars neat as sweare en swetse. Age wenne op Sumarreheide. Hy leaude oan neat, sei er, mar às der dan hwat to sjen wie, dan woe hy wol us trije neakene froulju sjen. Doe gong er by Hidde en Hindrikje wei. Hy sette de stap der ûnder nei Sumarreheide ta. Mar ûnderweis,...
nl.verhalenbank.20321
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
Jehannes van der Zee fan Sumarreheide wie arbeider by in greate boer. Om dêr to kommen moest er de Harsteloane del. Hy moest twa stikken lân fan Piter Jelkes del. Oan it dwarsweike dêr by lâns stie in ikebeam. Hy wie rûch yn 't praet. Op in moarn doe't er wer nei de boer ta soe, doe seach er hwat, dat folge him. Doe't er by de boer kom, doe is er dêr noch...
nl.verhalenbank.22913
8