Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn guon huzen wolle de skuorredoarren nachts net ticht bliuwe. Docht men der dan duveldrek ûnder, dan bliuwe se ticht.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't fansels iepengiet.
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in âld hear mei in grize hege hoed op. Men seit: "Even by de âlde hear de pipe opstekke."
Yn Feanhuzen by Garyp roan in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
Yn Aldegea, seinen se, roan altyd in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun.
Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Op 'e Sumarreheide yn 'e Griene loane (by de Pôllediken) rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
De Broek troch nei Sumarreheide (ûnder Garyp) rint ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20306
Yn 'e pleats fan Gelf Hoekstra yn Garyp siet in doar, dy koenen se noait ticht hâlde. Sy ha der wol spikers yn slein om him mar ticht to hâlden, mar hy gong altyd wer iepen.
Sa wie 't ek mei de hekke fan dr. Bontekoe yn Hurdegaryp.
Yn Hurdegaryp by Bennema-state stiet in hekke, dy giet altyd fansels iepen. Dêr binne sels gjin slotten tsjin bistand.
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.22990
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.
nl.verhalenbank.32327
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
Op 'e Gariper wei fan 'e Tramwei nei de hoeke ta roan froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Ek seach men wylde lantearnens yn dy buert.
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Oan 'e Hearrewei, op it eintsje tusken bakker Welling en Nyegeasterhoek, dêr brânde nachts in great fjûr, en dêr sieten in man of trije omhinne.
Dat wienen advokaten, dy spoeken dêr.
Doe binne se dêr us mei in doomny hinne gong. dy hat dy trije spoeken oansprutsen en doe ha se de trije advokaten mei hynder en wein dêr weiriden. De hynders switten sa bot...
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen.
Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje."
Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by.
"Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt."
Mar...