Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: land Place of Narration: Garyp
Twa arbeiders soenen op in moarn om fjouwer ûre nei de boer ta. De iene wie myn broer Riemmer de Vries. Sy kommen fan Sumarreheide. Sy roannen de Griene Loane del. Sy moesten op 'e ein dêrfan wêze. Doe seagen se in âld minske, dy kom dwars oer 't lân hinne. 't Wie krekt as sweefde se. Sy seagen dat se oer de Griene Loane hinnesweefde, dwars-oer, en doe...
nl.verhalenbank.23108
Binne en Jelle Hooijenga wienen bruorren. Sy wennen op 'e Sumarreheide en gongen wol us to murdejeijen. Hwat ik hjir nou fortel, ha se my sels forteld. Sy hienen us to murdzjen west nei Sigerswâld ta (ûnder Garyp). Der wienen froeger houtsjepaden fan Sigerswâld nei Sumarreheide. Sy gongen wer op 'e heide yn. De houn wie foar har op. Sy wienen oan 't lân...
nl.verhalenbank.23109
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen Rûnom komt it ferhaal foar fan de geheimsinnige frjemdling, dy't ferskynt, wannear't ien wat tefolle opdocht oer syn meanen. Hy kin hurder meane as de mier, mar de lêste kriget der pas erch yn, dat it mei de frjemde man net doocht, as dy it harspit dwerstroch meant. It docht jin gjin nij, dat dit ferhaal ek tige libbe...
nl.verhalenbank.13679
Elke kear, as in mantsje út Burgum, dat mei de hounekarre reizge, de Poel yn Tuskendiken foarby kom, dan woarde er fan 'e karre tild en in ein it lân yn smiten. Op it lêst doarst hy der net mear lâns.
nl.verhalenbank.21350
Yn Heech, achter Snits, wenne in boer, dy hie twa ûngetiders ynhierd. Hy hie har opdroegen in stik lân to kearen. Mar dy iene fan 'e beide mieren sei: "Wy hoeve net to kearen. Wy kinne der wol hwat by lizzen gean." Hy makke hwat meneuvels en doe wie 't hiele stik samar ynienen om. Dy ûngetider koe hwat mear as gewoan. Hy hie in forboun mei de kweade.
nl.verhalenbank.32124
Oan 'e Hearrewei, op it eintsje tusken bakker Welling en Nyegeasterhoek, dêr brânde nachts in great fjûr, en dêr sieten in man of trije omhinne. Dat wienen advokaten, dy spoeken dêr. Doe binne se dêr us mei in doomny hinne gong. dy hat dy trije spoeken oansprutsen en doe ha se de trije advokaten mei hynder en wein dêr weiriden. De hynders switten sa bot...
nl.verhalenbank.22901
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar. Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
nl.verhalenbank.31500
35