Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: dwaallicht Place of Narration: Garyp
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
Op 'e Gariper wei fan 'e Tramwei nei de hoeke ta roan froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek seach men wylde lantearnens yn dy buert.
nl.verhalenbank.21781
Der wennen hjir minsken dy seagen de tram fan Feanwâlden nei Drachten fier fan tofoaren al, foardat er noch ried. Dan wienen der ljochten skean oer de heide. It wienen letter deselde ljochten.
nl.verhalenbank.22698
Dêr't letter de tramwei kaem seagen guon op 'e Gariperheide wylde lantearnen. "Hjir komt hwat", seinen se. Doe kaem de tram dêr.
nl.verhalenbank.32113
Guon yn Garyp seagen yn 'e Broek (to Garyp) wylde lantearnen. "Dêr komt in wei lâns", seinen se. It duorre lang ear't it sa fier wie. Mar de wei is der kaem troch ruilverkaveling. Sy ha wòl gelyk krigen.
nl.verhalenbank.32114
Antsje wenne to Sigerswâld ûnder Garyp yn in lyts húske njonken de koaipleats. Antsje fortelde: As ik op bêd liz, sjoch ik allegear ljochtsjes, twa rigen, de kant út nei Ljouwert en de kant út nei Earnewâld. Hja hat it goed sjoen. Letter kaem dêr de snelwei fan Drachten nei Ljouwert en de wei nei Earnewâld, dêr't de auto's lâns stouden, mei jouns de...
nl.verhalenbank.31623
Yn 'e Wierren tusken Aldegea en Nyegea en Garyp wie 'k faek oan 't fiskjen. Moarns en jouns ljochte it dêr altyd en oeral. Op 'e selde plakken kommen in jier of trije letter huzen to stean. Yn 'e Earnewarren krektengelyk.
nl.verhalenbank.24625
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
nl.verhalenbank.24630
Men seach faek wylde lantearnen oer Sumarreheide. Letter kaem de tram; doe wisten se hwat it bitsjut hie.
nl.verhalenbank.31503
Heit arbeide op 'e klaei. Op in joun sette er op hûs ta. Hy hie in âld flearmûs by him. Yn 'e Haringsfinne ûnder Garyp (Sigerswâld), dêr't in dobbe is, seach er midden yn 't lân in ljochtsje. It wie bikend dat it dêr by dy dobbe altyd op in spûkjen gong. Heit moest dêr lâns. Mar doe wie 't ljochtsje ek samar ynienen wer fuort. Heit roan it Langlân del. Op...
nl.verhalenbank.20309
Der wienen froeger klynpôllen yn 'e Wierren ûnder Aldegea. Dêr baggeren se wol. Beppe hat dêr ek wol baggere. By 't hjerst bleauwen dêr wolris baelders sitten. Op in winterdei doe't it tige krap wie, soenen mem en ús buorman dêr us in kear togearre hinne om in sekfol turf. It wie ljochtmoanne waer. Doe't se der hast oan ta wienen, kom der in read...
nl.verhalenbank.20244
35