Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
23 results
Place of Narration: Feanwâlden
Jehannes koe ek de tange dounsje litte.
nl.verhalenbank.38264
Jehannes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en dy bigounen dan moai yn 'e rounte to marsjearen.
nl.verhalenbank.38558
Jehannes hie in wite kat. Dy liet er samar oer de feart springe.
nl.verhalenbank.38269
Jehannes gong wolris mei heit to strunen. As de doar dan ticht siet, sei heit: "Dit is neat wurdich jong, dit kin net, de doar sit ommers fêst." Mar altyd krige Jehannes de doar los.
nl.verhalenbank.38258
Jehannes liet de froulju allegear de rokken ôfsakje. Doe't er dat op in kear wer die, ha se him fuortjage. Jehannes wie great fan gestalte.
nl.verhalenbank.38560
Hwannear't men tsiis fan Jehannes keapje woe, liet er jin earst in stikje priuwe. Dat smakke altyd goed. Mar as er fuort wie, dan wie 't sa taei as hier en wie 't krekt skoechsoale.
nl.verhalenbank.38561
De man fan myn frou har suster wenne yn Twizelerheide. Op in kear wie ik dêr, doe sei er: "Sil ik jim ris in wûnder sjen litte?" Doe liet er roeken ta de hurddobbe útkomme en dy gongen even letter ta de skoarstien (út). yn.
nl.verhalenbank.30506
Op 'e Wâl wienen se altyd oan 't dobbeljen ûnder tsjerketiid. Dan hienen se de dobbelstiennen net yn 'e bûs en dochs rattelen se har yn 'e bûse om. Dat die Jehannes tsiisrinder.
nl.verhalenbank.38555
Jehannes Tsiisrinder (= Jhs. Meerstra) fan Feanwâldsterwâl koe mear as in oar. Frâns-petroalje helle ris in fet fol petroalje fan 'e boat fan in beurtskipper. Dêr kaem Jehannes tsiisrinder oan en dy liet it hiele fet fol petroalje yn 'e feart rûgelje.
nl.verhalenbank.38552
Jehannes tsyske hie in skouke. Dêr gong er altyd mei to silen. Al waeide it noch sa bot, hy sylde yn 'e wyn op mei 't seil op. Hy stjûrde sels net. Hy siet gewoan achter yn 'e boat sûnder hwat beet to hawwen. It stjûren gong fansels.
nl.verhalenbank.38251
Omke Fedde fortelde, tsjoensters wienen âlde froulju, dy't bern siik makken. Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.37749
Wy hienen baelders (turf) yn 't achterhûs, dy makken wy sels. 't Wie in moaije bult. Op in nacht gebeurde it, dat myn man om ien ûre thús kaem. Doe sei ik tsjin him: "Dû hast moarnmoarne wol wurk, Klaes, hwant de baelderbult is útsketten." Ik hie 't dúdlik heard, it wie ien en al gerattel fan turven. De oare moarns gong Klaes fuort út bêd wei dêr hinne....
nl.verhalenbank.38271
Jehannes tsjinne by in boer as feint. Hy kaem jouns altyd like let thús. Dêr hie de boer syn nocht fan. Dêrom die er de doar jouns as it let woarde, op slot. Mar it eigenaerdige wie dat Jehannes de oare moarns altyd op bêd lei. Hy hoefde noait iens in kaei to brûken, hy koe der altyd yn komme. Doe gong de boer hinne en sette stuollen en tafels en fan...
nl.verhalenbank.38263
Myn man hat by Abe Kooistra yn 't wurk west. Doe kaem Jehannes dêr ris op in kear mei tsiis. Doe sei er tsjin 'e frou: "Jo ha dêr hwat yn 'e panne, dat wol der net yn bliuwe, 't siedt der allegear út wei." En sa wie 't ek. Der sieten terms yn 'e panne. Mar dêr bleau neat fan oer.
nl.verhalenbank.38262
Foar in forskuorrende houn wie Jehannes net bang. Der waerd ris in kear in boereplaets forkocht yn Eastemar. Jehannes tsiisrinder en Jehannes slachter wienen dêr togearre hinne. Hja moesten oer in barte hinne om op it hiem to kommen. Doe kaem der in forskuorrende houn op har ta. Jehannes slachter kearde gau de fyts nei dy houn ta, oars hied er him...
nl.verhalenbank.38559
De frachtrider fan Ljouwert hie Edammer tsyskes meinaem foar Jehannes. Myn kammeraed Romke van der Veen ried ek altyd mei dy frachtrider mei. Dy holp him. Dy wie der ek by doe't dy tsyskes by Jehannes bisoarge waerden. "Tink der om," sei Jehannes, doe't hja de tsiis by him yn 'e hûs brochten, "dat de tsyskes net fuortrolje." Romke sei: "Dat kin ommers...
nl.verhalenbank.38556
Der wienen minsken, dy wennen in ein de lânnen yn oan 'e greate strjitwei. Op in moarn sei de frou: "Nou woe 'k wol dat Jehannes tsiisrinder kaem, hwant myn tsiis is op." De oare moarns, dêr wìe Jehannes. "Jo hienen forlet fan tsiis, net?" sei er. "Hoe kinne jo dat wite?" sei de frou. Mar dat sei Jehannes net. Hy lake allinne mar hwat.
nl.verhalenbank.38553
Imke de Jong koe de minsken fêstsette. Hy hat wol yn Ljouwert yn 'e gefangenis sitten, yn 'e cel, mar dêr koenen se him net yn hâlde. As de biwaker by him west hie, en hy wie wer fuort, dan wie yn in tiid fan twa minuten de doar iepen, dêr't Imke achter siet en se koenen him net wer fêst krije. De skoattels, dy't oan 'e bûtenkant sieten, hie hy der samar ôf.
nl.verhalenbank.30495
Oan 'e ein fan 'e Wâl stie in sûkerij-fabryk. Dêr wurke allegear folk op. Jehannes hie dêr ek wurk. Doe sei der sa ris ien: "'k Hie wol sin oan in pikelhearring." Jehannes sei: "Miskien komt der aenst wol in keapman mei pikelhearrings." En ja, even letter waerd der op 'e wei roppen: Pekelharing! Doe de lju nei de wei ta. Mar dêr wie net in...
nl.verhalenbank.38253
Heit wie mei in fracht reid op 'e pream nei de klaei ta. Jehannes wie der ek by. Doe kommen se in boerehiem foarby. Der wienen hinnen op en ek in hoanne. Dy wienen in ein útinoar. Doe sei Jehannes: "Hwat soe dat moai wêze, as Bôke nou aenst yn 'e midden stiet en de hinnen der omhinne." It duorre mar even, doe sei heit: "Dêr ha wy 't al. De hinnen om 'e...
nl.verhalenbank.38254
23