Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
21 results
Place of Narration: Feanwâlden
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs. Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Bouke Bûnthountsje en Jehannes Tsiisrinder wienen allebeide frijmetselders. Se hienen noait jildgebrek. As jo by de frijmetselders binne, dan ha jo de kâns dat jo gau dea geane. Hwant fan 'e frijmetselers mat der elk jier ien dea. Dy wurdt formoarde troch de duvel. Dy draeit him de nekke om. Ien dy't frijmetselder is mat dat altyd bliuwe.
nl.verhalenbank.38592
Yn 'e Westerein wenne in man, dat wie in broer fan myn earste man en in hiel raren. Hy flokte en ketterminte altyd dat it hwat die. Op in kear kaem er mei in keppeltsje jongfolk út 'e kroech. Hy hie 't wer raer opsein, de duvel wie der ek by to pas kaem. Wylst er mei dat keppeltsje ûnderweis wie, seach er hwat - hwatte dat is men noait gewaer woarn. De...
nl.verhalenbank.36466
Jierren lyn, doe't ús heit noch net troud wie, doe siet der in man yn ien fan 'e kroegen op 'e Wâl. 't Wie Douwe Postma. Hy siet dêr to kaerten en flokte as in ketter. Douwe Postma is raer thús rekke. De duvel hat him ûnderweis to pakken krige en dy hat him it hier ta de holle út skuord. Krûpendewei is er thús kom. Hy hat letter noait wer flokt.
nl.verhalenbank.38289
De soan fan Minne Wybenga fan 'e Westerein wie in raren ien. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Op in kear hied er yn 'e kroech sitten en allegear ûnfoege wurden brûkt. Doe moest er allinne nei hûs ta yn 'e nacht. Doe't er by hûs wie, moest er oer in bartsje. Mar dêr doarst er net oer, hwant oan 'e oare kant it bartsje flak foar it hûs, lei in swart ding....
nl.verhalenbank.30478
Ik siet ris mei in ploechje oaren yn in kroech oan 'e Lange Loane. Lytse Wiberen de Bruin wie der ek by. Dy flokte, it koe noait raerder. Doe't wy fuort gongen moesten wy de Lange Loane del. Wiberen dy krukte. Doe waerd Wiberen ynienen pakt en oer de beammen hinne smiten. Wy ha neat sjoen, mar 't wie de duvel dy't mei him ôfweefde. Doe wie 't mei 't...
nl.verhalenbank.30480
To Kollumer Aldsyl wienen alle snein-to-jounen jonge manlju oan 't springen. Doe wie der ien by, dy sei: "Der is net ien, duvel, dy't jin my springe kin." Doe kom dêr ien oan en dy wipte oer de Kollumer Aldsyl. Sûnt stiet der oan 'e iene kant in minskefoet en oan 'e oare kant in hynstefoet yn 'e sark. It wie de duvel.
nl.verhalenbank.38585
Bouke Bûnthountsje hie in wikseldaelder. As er nei de winkel gong om ynkeapen to dwaen, kom er faek mei mear jild wer thús as dêr't er mei fuortgien wie. De daelder krige er altyd wer yn 'e bûs. Mar hy mocht him noait hielendal útjaen, dan wied er him kwyt. Dy't in wikseldaelder hie, wie oan 'e duvel forkocht. Jehannes tsiisrinder hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.38591
Hjir wenne in man, dy gong geregeld to fiskjen. Op in kear sei er: "Ik fang altyd fan dy duvelse lytse iel." In skoftsje letter wied er wer op 't wetter. Syn jonge wie ek mei. Doe siet der in hiele grouwe iel yn 'e beun. Mar dy iel, dat wie de duvel. Hy hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. De fisker hat noait wer oan 't fiskjen west. Hy rôp tsjin 'e jonge:...
nl.verhalenbank.38550
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei." Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?" "Jawol", sei de duvel. Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587
Achter it café yn Feanwâlden stienen froeger banken. Dêr hâldde in kammeraet fan my in preek. Hy wie sabeare doomny. Hy spotte dat it hwat die en hie oeral de gek mei. Doe't er dy nachts op bêd lei, kaem de duvel by him. Doe die er it lekken oer de holle hinne, sa binaud waerd er. Noait hat er sokke dingen letter wer úthelle.
nl.verhalenbank.38551
Om net in tsjoenster yn 'e hûs to krijen leinen se froeger duveldrek op 'e stûpe. Dêr koe in tsjoenster net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.37757
Frijmitselers forkeapje har siele by 't libben oan 'e duvel. Dan barre se in moai protte jild. Hja hawwe ek in wikseldaelder. In wikseldaelder rekket noait op. Se ha dus noait ergens forlet fan. Hja matte har hiele libben lang bouwe. It hûs dêr't se yn wenje rekket noait klear. Dy't ienkear by de frijmitselers is, kin der noait wer by wei. Mei eigen bloed...
nl.verhalenbank.37738
As der ien bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie òf greate Wopke fan Kûkherne òf Alle Jager fan Burgumerheide.
nl.verhalenbank.36470
Duveldrek brûkten se tsjin 'e tsjoensters. Mar ek tsjin 'e lulke hounen. Hwat duveldrek om 'e gongelstok hinne, dan gong de lulkste houn fuort. Ik ha 't sels wol by ûnderfining. Se dienen ek duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken.
nl.verhalenbank.30492
In tsjoenster fleach op 'e biezemstok. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich to wêzen foar tsjoensters.
nl.verhalenbank.38581
Ik wit noch dat der ris in bern bitsjoend wie. Doe hellen se Piter Poes der by. Dy wie duvelbander op Sumarreheide. Hy koe min gean en kaem yn in hounekarre. Doe't er fuortgong seinen se: Kaets (omdat er 'Poes' hiet).
nl.verhalenbank.38579
Wopke wie de duvelbanner fan Kûkherne en letter syn dochter Minke. Wopke Minke seinen se altyd. Hja hat de frou fan in professor genezen. Dy professor koe syn eigen frou net geneze, mar Minke makke twa kear in drank foar har klear en doe wie 't minske wer better. Doe sei de professor: "Hwat bin ik yn 'e skuld?" Doe sei Minke: "Foar de stuollen dêr't jim...
nl.verhalenbank.30490
As in bern bitsjoend wie, gong ien fan 'e âlders nei Wopke fan Kûkherne ta. Wopke joech dan in drankje mei en sei dêrby: "Tink der om, dêr meije gjin egen oer gean." En dan sei er hwa't net wer by 't bern yn 'e hûs komme mocht, hwant dat wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.38290
Der wie ris in fékoopman, dy kaem op in freed-to-joun fan Ljouwert. Hy hie kij forkocht en hy hie gâns in knoarre jild by him. Hy roan de Godloas Singel del. Doe seach er guon oankommen, twa man. Hy tocht: Duvel, ik mei wol hwat foarsichtich wêze. Miskien is 't dy mannen om myn jild bigoun. Doe lei dêr in omkearde skou oan 'e kant yn 'e berm. Dêr krûpte...
nl.verhalenbank.30513
21