Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: krijgen Place of Narration: Feanwâlden
Alde Fije Antsje fan 'e Wâl wie in tsjoenster. Hja hie in winkeltsje. Twa famkes gongen ris op in joun nei har ta om sâlt. Doe krigen se elk in pepermuntsje fan 't âld-minske. Doe't se by 't Heechhout wienen smieten se it muntsje yn 'e feart. Hwant der wie in oar famke dat sei tsjin dy twa: "Net opite, hwant oars krijst in pod yn 't liif."
nl.verhalenbank.38277
Trije jongemannen út 'e Finnen gongen nei de waarzegster ta. Hja sei: De iene sil bern ha. De oare sil frij feint bliuwe. De trêdde stiet op 'e swarte kaert. De lêste, dat wie Meint. 't Is krekt sa útkaem. Meint is mei gauwens stoarn. 't Gebeurde to Ljouwert op 'e merk.
nl.verhalenbank.38598
It is net likefolle hwat men seit. Kremer wie hjir direkteur fan 'e bûterfabryk. Dy krige spul mei myn broer. Doe sei er op in kear: "Als ik hem voor de auto krij, dan sal ik hem doodjage." Hy en syn wiif binne beide yn fodden jage woarn ûnder 'e trein oan 'e Loane, hjir yn Feanwâlden.
nl.verhalenbank.38597
Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan krige men in pod binnen yn jin. 't Is gebeurd dat in bern yn 'e Westerein in apel krige fan in tsjoenster. Har mem burch dy apel op. Letter wie 't in pod woarn.
nl.verhalenbank.30494
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei." Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?" "Jawol", sei de duvel. Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587
"'k Wie fan 'e wike yn Burgumerheide, by in wyfke", fortelde er. "Dêr moest ik noch sinten fan ha. Dat ik frege har om myn jild. Doe sei se: - Ik ha optheden gjin sinten - Ik sei: "Jow my dan dy goune mar dy't jo yn 'e bûse ha." Doe seach 't minske hiel nuver. Hja hie net tocht dat ik dat wite koe. Mar se joech my de goune.
nl.verhalenbank.38257
35