Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
19 results
Place of Narration: Feanwâlden
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
De tsjoensters, dy't har yn katten foroare ha, hâlde meielkoar in forgadering. Op dy forgaderingen biprate se hwa't it folgjende slachtoffer wêze sil.
nl.verhalenbank.38593
As der ien bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie òf greate Wopke fan Kûkherne òf Alle Jager fan Burgumerheide.
nl.verhalenbank.36470
Duveldrek brûkten se tsjin 'e tsjoensters. Mar ek tsjin 'e lulke hounen. Hwat duveldrek om 'e gongelstok hinne, dan gong de lulkste houn fuort. Ik ha 't sels wol by ûnderfining. Se dienen ek duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken.
nl.verhalenbank.30492
Tamme Teakes wenne op it Godloas tolhek. Hy krige lêst fan tsjoensters. Mar as hy in kûgel yn 't jachtgewear die, stieken se de sturt omheech. Hy koe se noait reitsje. Doe die er in sulveren dûbeltsje yn 't jachtgewear en doe rekke hy se.
nl.verhalenbank.38595
Omke Fedde fortelde, tsjoensters wienen âlde froulju, dy't bern siik makken. Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.37749
Jehannes Meerstra kaem mei Edammer tsyskes bylâns. De famkes doarsten net nei de doar ta, hwant hy liet har samar de rokken ôfsakje. Myn suster hâldde de rokken altyd fêst beet, as hy der wie. It iene momint hied er neat yn 'e hannen en it oare momint hied er de hannen fol dûbeltsjes. Hoe't dat koe bigriep net ien.
nl.verhalenbank.36471
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is ien dêrfan in tsjoenster.
nl.verhalenbank.38583
Durke Syts yn 'e Westerein wie in tsjoenster. Dy hat wol bern bitsjoend, sy hat ek wol guon deatsjoend. Doe't se stoar hong se op 't lêst ta 't bêdsté út mei de tonge in hiel ein ta de hals út.
nl.verhalenbank.30488
Tsjoensters hienen popkes, dêr't se mei spjelden yn stutsen. As se der op út wienen lieten se de pânse achter.
nl.verhalenbank.30493
In tsjoenster fleach op 'e biezemstok. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich to wêzen foar tsjoensters.
nl.verhalenbank.38581
Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan krige men in pod binnen yn jin. 't Is gebeurd dat in bern yn 'e Westerein in apel krige fan in tsjoenster. Har mem burch dy apel op. Letter wie 't in pod woarn.
nl.verhalenbank.30494
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs. Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Ien dy't bitsjoend wie hie meastal in krâns yn 't kessen. Ik ha wolris sokke krânsen sjoen. De tsjoenster makke dy krânsen. 't Wie toverjen. De krânsen brânden se op en dan moest alles goed ticht wêze. De lju gongen faek by tsjoenderij nei Wopke om in drankje. Der wie ek ien út 'e Westerein, dy gong foar syn bern nei Wopke ta. Wopke joech him in drankje...
nl.verhalenbank.30516
Alde Fije Antsje fan 'e Wâl wie in tsjoenster. Hja hie in winkeltsje. Twa famkes gongen ris op in joun nei har ta om sâlt. Doe krigen se elk in pepermuntsje fan 't âld-minske. Doe't se by 't Heechhout wienen smieten se it muntsje yn 'e feart. Hwant der wie in oar famke dat sei tsjin dy twa: "Net opite, hwant oars krijst in pod yn 't liif."
nl.verhalenbank.38277
Der wienen op in plak manlju en froulju oan 't feestfieren. Hja dounsen en songen. Dêr wie ek in militair by. Ien fan 'e froulju joech dy militair in protte jild yn 'e hân. Doe't er in ein fuort wie en 't jild bisjen soe, wienen 't allegearre ikebledtsjes, dy't er yn 'e hân hie.
nl.verhalenbank.38607
Soms hienen de lju in krâns yn 't kessen, as se bitsjoend wienen. De fear fan sa'n krâns lei moai yn 'e rounte. Jy koenen sa'n krâns net opbarne, hy woe net barne. Soms dienen se him yn 't siedende taenwetter. Mar se koenen de krâns der net ûnder krije. As de krânse fol is, is 't bern dea.
nl.verhalenbank.38580
As in bern bitsjoend wie, gong ien fan 'e âlders nei Wopke fan Kûkherne ta. Wopke joech dan in drankje mei en sei dêrby: "Tink der om, dêr meije gjin egen oer gean." En dan sei er hwa't net wer by 't bern yn 'e hûs komme mocht, hwant dat wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.38290
Op 'e Finnen (ûnder Feanwâlden) wennen minsken dy hienen op in joun praters. Letter die bliken dat de buorlju wisten alles hwat dêr dy jouns yn dat hûs bipraet wie. Der siet by dy minsken alle jounen in fremde kat yn 't finsterbank. Doe moest âlde Gosse der op in joun út to pisjen en doe streake him dy swarte kat om 'e fuotten hinne. Doe joech er dy kat...
nl.verhalenbank.38572
19