Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
21 results
Place of Narration: Drogeham
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Hy die dat mei in toverboek. Dêr koed er like hurd yn achterút lêze as foarút. Ruerd koe de tafel ek dânsje litte.
nl.verhalenbank.28890
Imke de Jong koe sizze: Safolle jild ha jo yn 'e bûse. Dat wist er altyd krekt. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21379
Reid Keuning wie fytsmakker to Koatstertille. Dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útlitte komme en se marsjeare litte.
nl.verhalenbank.37330
As der in tsjoenster by jin is, mat men noait trije kearen achter elkoar 'ja' sizze. Oars hat se jin yn 'e macht. Dat woarde ús as bern al leard. De minsken hienen duveldrek ûnder 'e drompels om har foar tsjoensters to bifeiligjen.
nl.verhalenbank.21372
Op 'e Tille wenne Reid Keuning. Dy wie fytsmakker. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Forskeidene minsken dy't it sjoen ha.
nl.verhalenbank.37249
Reid Keuning fan Koatstertille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy bigongen dan to marsjearen. Hy hie faek jonges by him yn 'e hûs jouns. Dan sei er: "Matte wy se mar wer komme litte?" "Jonge Ja." Dan liet er se út 'e hurddobbe komme. De jonges wienen ynwindich bang.
nl.verhalenbank.19573
Woe men gjin tsjoensters yn 'e hûs ha, dan lei men duveldrek ûnder 'e drompel. De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje om 'e hals. De tsjoensters makken krânsen yn it kessen fan har slachtoffer.
nl.verhalenbank.37248
Imke de Jong koe net allinne minsken stean litte, mar ek dieren. As de hynders de wei del rieden, sei er: "Nou gean de hynders net fierder!" Dan bleauwen se stean.
nl.verhalenbank.20056
Frans Rosier wie ien, dêr gongen alle doarren samar fansels foar iepen. Sy koenen him noait yn 'e gefangenis hâlde.
nl.verhalenbank.19944
Yn 'e Harkema wenne in man. As der guon kommen, dan sei er: "Mat ik de âlde ek even komme litte?" (dat wie de kweade) "Né, hear", seinen se dan. "Even, as is 't mar fiif minuten", sei er, en dan liet er de keardeltsjes op 'e tafel dânsje.
nl.verhalenbank.19930
Imke de Jong koe de minsken fordwale litte. Hy koe ek útbrekke troch doarren hinne dy't op slot sieten.
nl.verhalenbank.28907
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
nl.verhalenbank.19932
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy koe jo samar stean litte. Dat hat er dien mei Tseard van Dekken op Hamster merke. Tseard hat my 't forhael sels forteld. Tseard hie in greate mûle tsjin Imke hawn, en doe moest er op 't selde plak stean bliuwe. Tseard hie dêr stien mei de mûle iepen. Mei lijen hie Imke him dêr wer wei krigen. Wol trije kear hied er sizze...
nl.verhalenbank.28892
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, en dy liet er dan marsjeare. Hy hat ris achter Ljouwert by in boer to meanen west. Op in joun siet pake by de boer yn 'e hûs. "Hâlde jo wol fan in grapke?" sei er. Dêr wie de boer wol foar to finen. Doe tikke pake op 'e tafel en dêr marsjearden de soldaetsjes moai oer de flier. Doe liet er wite...
nl.verhalenbank.33179
Alde Bartele wenne yn 'e Hamster Pein. Hy hie in stik of hwat jonges yn 'e hûs. Der kom in âlde keardel by de doar mei in lang, wyt burd. "Is der ek hwat to kaertlizzen?" frege er. "Kinne jo soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte?" fregen de jonges. "Jawol" sei de man. En hy hie de soldaetsjes marsjeare litten.
nl.verhalenbank.21382
Op 'e joademerk (it Saeilân) to Ljouwert stie froeger in koopman, dy forkocht fytsbannen. Mar deselden dy't guon kochten, rekken se altyd wer kwyt. Wienen se ûnderweis nei hûs ta dan hienen se ynienen de bannen net mear. Se kommen altyd wer by de koopman tolânne
nl.verhalenbank.19940
Op in kear wied er op 'e merke yn Droegeham. Dêr wied er hinne gong to gûcheljen. Doe wie der ien fan 'e Harkema, dy hie wol sin oan in buorrel. Mar hy hie gjin sinten. Doe sei Imke: "Hjir hast in goune." Doe joech er dyselde in goune. Mar dy liet him fuort wer falle, hwant dy goune brânde him de hân hast út elkoar, sa gleonhyt wied er.
nl.verhalenbank.20042
Us heit hat mei Imke de Jong ûnder tsjinst west. Imke mat sahwat yn 1853 geboaren wêze. Se koenen ûnder tsjinst neat mei him wurde. Hy siet om 'e haverklap yn 'e cachot, mar dêr wied er ek samar wer út. Hy koe troch de tichte doarren komme. Net in slot wie tsjin him birekkene. Op 't lêst ha se him fuortjage. Mar doe is er op itselde stuit op 'e minút om't...
nl.verhalenbank.20041
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel." Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn. Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055
21