Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
42 results
Place of Narration: Drogeham
Yn in húske op 'e Hamster Ikkers, dêr spoeke it. Dêr woarden de kopkes en pantsjes nachts samar útset.
nl.verhalenbank.20057
Oan 'e Tillewei spoeke froeger altyd in greate houn mei swart, krold hier. Lefort neamden se him. It doogde net mei dy houn. Alle minsken wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20043
Ruerd van der Veen is al us by 't Swartfliet op jountiid oer in dyk hinne smiten woarn.
nl.verhalenbank.19935
Yn 't Spoekeloantsje by de Langeastloane ûnder Eastemar spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.20363
Op 'e Scholtepaden ûnder Droegeham spoeke it ek. Dêr ha guon in frommes sjoen op 'e houtsjes.
nl.verhalenbank.20059
By dûmny yn 'e tún yn Droegeham stie froeger in âld hûs. Der wenne âlde Hindrik Wever (= H. Schievink). Dêr spoeke it. Men hearde nachts dat dêr weve waerd.
nl.verhalenbank.20058
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
It sizzen is altyd dat der yn 'e Harkema oer de dunen in gouden wein hinne gien is, lyk op it Knjillisdjip yn. Dy gong oer alle hichten en folge in sânbank, dy't oan 't Knjillisdjip ta rint. Dy gouden wein passearde de Skieppedrifte en de Hamster-ikkers.
nl.verhalenbank.20356
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Molenrie is in plakje yn Grinslân. It leit flak by Kloosterburen. Dêr ha wy wol hinne west to flaechsteppen. Ik wie doe noch jong. Op in snein leinen wy mei oaren yn 'e berm flak by de plaets dêr't wy oan 't wurk wienen. Wylst bigong Roel van der Meer in sang to sjongen: De schooister verklaarde dat zij die was koud. De meid die moest daad'lijk om turf en...
nl.verhalenbank.20382
Foarhinne spoeke it hjir yn ûnderskate huzen.
nl.verhalenbank.28903
Rinse wie arbeider op it Blauhûs ûnder Surhústerfean by in boer Poppinga. Rinse seach dêr kear op kear in greate swarte houn. Dy kom dêr flak by him. "Hwat mat dy grouwe, swarte houn altyd by ús?" frege er de boer. Mar de boer sei: "Hjir is noait in houn." Mar Rinse seach him wol. Dyselde arbeider Rinse is by de boer weigong. Hy hat himsels letter...
nl.verhalenbank.19925
Op 'e Rysloane tusken Bomkleaster en de Harkema spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37236
Yn Stiensgea seagen se froeger wol faek fliegende lantearnen. Dy gongen troch de loft.
nl.verhalenbank.21355
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham spoeke it altyd. Fral yn 't hûs fan Ate Zandstra, dat dêr stie. Dêr wie 't lang net plús yn.
nl.verhalenbank.21356
Yn 'e Hamster buorren spoeke it yn 'e buert fan 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21371
Dêr wie tichte by dat húske in wâl. Dêr spoeke it altyd. Dêr wienen ek gâns minsken bang foar.
nl.verhalenbank.33310
Der spoeke op 'e Ikkers ek in mantsje mei in kroade. Dat wie in hiel lyts mantsje. Guon biwearden dat er swart wie. Guon ha him wol sjoen. Dat mantsje flokte hiel bot. It sil deselde west ha dy't dêr nachts yn dat húske kaem. De measten doarsten net yn dat húske to wenjen.
nl.verhalenbank.37234
Alde Antsje Spoek siet yn 'e rogge of de hjouwer. Dêr woarden de bern bang foar makke, hwant dy mochten der net ynkomme.
nl.verhalenbank.20365
Piter Terpstra wenne yn 't fierste húske. Soms wie it dêr in freesliken lawaei by him. It doogde dêr net. Dan koe in minske dêr hast net wêze, sa gong it der oan wei. Krekt as in keppel skiep om 'e doar hinne fleach. Dan wie Piter deabinaud.
nl.verhalenbank.37232
42