Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Drogeham
Trije jonges fan in jier of fyftsjin kamen ris thús fleanen. Hja wienen alhiel forslein. Hja hienen op 'e Ikkers in kroade sjoen dy kaem út himsels op har ta. En dêr siet in lyts mantsje yn. Dat wie de duvel. En dy hie hiel bot flokt en ketterminte.
nl.verhalenbank.37316
Der hat yn 'e Harkema in keardel wenne dy wie nergens bang foar. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er. Doe moest er op in kear de Skoltepaden lâns. Dêr stie de duvel op in houtsje. Dy hat him opkrige en in hiel ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.37317
Mike Ruerd (= Ruerd van der Veen) fan 'e Harkema wie myn pake. Dy is ris in kear troch de duvel smiten woarn. Op 'e Krúswei yn 'e Harkema stiet in beam, dêr hat de tonger yn west. Dêr wie Mike Ruerd sahwat oan ta doe't er op in joun fan 't timmerwurk kom. Hy hie 't arkbakje op 't skouder. Doe kom der him in man op side. Dy stompte him ider kear tsjin 't...
nl.verhalenbank.33178
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild. Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht. De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Yn 'e Ham siet op in joun in ploechje jongfolk yn 'e kroech. It gong der bot oan wei. Flokke en oangean, it wie allegear raer hwat der oan wie. Doe soenen se dan op 't lêst nei hûs ta. Sy gongen út 'e kroech. Ien fleach de lannen yn, yn 'e Mieden. Dy is net thús kom. Hy lei dea mei de skonken yn 't wetter yn 'e Mieden. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.21377
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Yn 'e Koatstertille hawwe in stik of hwat mannen al ris meielkoar yn 't café it avondmael fierd. It wie fansels kleare spotten. Se dienen it sa raer as se mar koenen. Ien, dat moest de domeny foarstelle, dy dielde de bôlle en de wyn út en dy hâldde in taspraek. 't Gebeurde allegear spottenderwize. Mar dyselde dy't it útdielde is 't raer ôfgong. Nei ôfrin...
nl.verhalenbank.33177
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
Jan Masker wenne by de Petten ûnder Harkema. Dy is us in kear smiten woarn achter de dongskerne. It wie in lyts swart keardeltsje dy't him dat lapte. Dat mat de duvel west ha.
nl.verhalenbank.20369
Op in kear siet Jan Hepkes fan Surhústerfean by de skearbaes. Sy praetten oer meanen. "Meane," sei Jan, "hwat prate jimme fan meanen. Jo matte goed harje kinne, dan kinne jo meane. Ik wie de moarns bigoun to meanen, doe hie ik del west, doe moest ik strike. Dat wie my hwat to gau. Ik tocht: 'Ha 'k dy seine net to goed harre?' Trochdat ik goed strike koe,...
nl.verhalenbank.29284
Guon út 'e Harkema gongen der ris op in nacht op út om iepels to stellen. Sy sieten yn 'e krapte. Sy gongen nei 't lân ta om hwat iepels út to dollen. Sy wienen mei har fjouweren. Ien fan dy fjouwer man krige samar ynienen ien njonken him. Hy seach oerside. Doe blykte dat in hiele grouwe, swarte houn to wêzen. Mei hiele greate, gleone egen seach er de man...
nl.verhalenbank.33200
Der wienen ris trije man, dy soenen ien binaud meitsje. Sy wisten om hokker tiid yn 'e moarn dy man by de muorre fan 'e tsjerke lâns kom. Dêr wie it paed. Sy gongen alle trije boven op elkoar stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan en sa wachten se op 'e man. Doe't dy man der oan kom, bleau er stean en sei: "Nou is 't raer. Ik haw wolris trije op elkoar sjoen,...
nl.verhalenbank.33176
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
15