Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: wagen Place of Narration: Drogeham
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne. Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze." Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren. Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
Ik ha Hearke syn wiif noch kend. Dat wie âlde Gjetsje. Ik en Bouwe van der Meer wienen us by har, hwant wy boarten wol mei har beppesizzer Klaes Witteveen. Hja wie widdou en al hiel âld. Hja hie in blauwe holdoek om 'e holle. "Lieve berntsjes," sei se, "jimme matte gau fuortgean, hwant aenst hellet it gouden weintsje jim op."
nl.verhalenbank.20361
In foer dong luts Hearke mei ien hân oan 't koarttiksel samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.20360
Ek in kear doe siet der in wein fol dong fêst yn it skerngat by Bindert Japiks fan 't Bomkleaster. De hynders koenen de wein dêr net wei krije. 't Skerngat wie to leech. Doe hat Hearke him foar de wein spand en hy krige him der wòl út.
nl.verhalenbank.37320
Op Japik Mulders plaets op it Wytfean woarden midden yn 'e nacht de bussen samar op 'e wein set en rieden se fuort to melken. Yn werklikheit gebeurde dat earst yn 'e moarn. Mar de minsken dy't dêr wennen hearden it dúdlik. Dat wie in gefal fan foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.33195
Rinse Hamstra seach us in kear, dat se yn Droegeham in deakiste net troch de doar krije koenen. Doe skouden se in finster omheech en dêr woarde de kiste troch skoud. Doe woarde de kiste op 'e wein set en hy seach it folk der achteroan. De froulju hienen regenkleden om. Sa gong de staesje toch de buorren. 't Wie jountiid. Yn datselde hûs forstoar in...
nl.verhalenbank.19568
Mike Ruerd wie ris by in boer yn 't hea. Dy boer hie in buorman, ek in boer. Dy boer siet èk yn 'e ûngetiid. 't Gong froeger wol faek hwat tsjin elkoar. Sy dienen dan om 't hurdste. Hwa't it earst klear wie. De boer sei tsjin pake, hy woe 't hea graech it earst klear ha, foardat syn buorman it klear hie. Dat roan los. Pake koe tige hurd arbeidzje en hja...
nl.verhalenbank.33182
Mem wenne tichte by it café fan Ruerde Baeije yn 'e Harkema. Op in joun hearde se dat der in wein oanroljen kom. Dêr woarde hout ôfsmiten. 't Wie dúdlik to hearren. Hja sei: "Hjir wurdt yn 't koart boud." En 't kom ek út. In skoft letter woarde dêr in nij hûs timmere. It hout woarde op in wein oanfierd en ôfladen. Dat hie sy heard.
nl.verhalenbank.33173
Hearke syn omke Rikele en hysels dy wienen us nei Feansterheide om in fracht feanseadden. De wei troch Boelensloane wie doe noch net forhurde. Hearke siet by âlde Rikele op 'e wein. Hy wie doe noch jong. Doe smieten de jonges fan Feansterheide har mei stiennen en sy rekken de âld baes. Hearke stapte fan 'e wein en sette de jonge bazen nei. Dy fluchten ta...
nl.verhalenbank.19562
Sterke Hearke wie myn âldomke. Hy wie by Bindert Japiks yn tsjinst. Op in kear wienen se oan 't dongladen. Doe koenen de hynders de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe lei Hearke earst posten ûnder 'e fjilden en doe luts er pûr allinne de wein oan 't fêste paed ta. Doe kommen de hynders der foar. Sa hat myn omke 't my forteld, dy't der by wie.
nl.verhalenbank.19560
Albert Land wie koopman yn 'e Harkema. Op in kear moest er mei hynder en wein de dikke beam passeare. Doe koed er dêr net lâns komme. Hy woarde hielendal oan kant skoud.
nl.verhalenbank.20378
It sizzen is altyd dat der yn 'e Harkema oer de dunen in gouden wein hinne gien is, lyk op it Knjillisdjip yn. Dy gong oer alle hichten en folge in sânbank, dy't oan 't Knjillisdjip ta rint. Dy gouden wein passearde de Skieppedrifte en de Hamster-ikkers.
nl.verhalenbank.20356
35