Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 datasets found
Dutch Keywords: hout Place of Narration: Drogeham
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien der wie us in moart yn gebeurt. De bloedplakken koenen se noait út 'e flier wei krije, se kommen der altyd wer yn. Ek as der in nije planke yn slein woarde. Dan kommen se dêr yn.
nl.verhalenbank.19941
Mem wenne tichte by it café fan Ruerde Baeije yn 'e Harkema. Op in joun hearde se dat der in wein oanroljen kom. Dêr woarde hout ôfsmiten. 't Wie dúdlik to hearren. Hja sei: "Hjir wurdt yn 't koart boud." En 't kom ek út. In skoft letter woarde dêr in nij hûs timmere. It hout woarde op in wein oanfierd en ôfladen. Dat hie sy heard.
nl.verhalenbank.33173
Op it plak dêr't Warmolds letter yn 'e Harkema in houten tsjerkje delsette litten hat, hearden de minsken fan tofoaren al muzyk. 't Wie muzyk fan in trompet en in hoarn. Letter spilen se dêr op by de preken. Dat wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28778
35