Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: omgekeerd Place of Narration: Drachten
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
In nachtmerje is in minske. Ik ha ien kear sa'n nachtmerje by my hawn. Der wenne in boer ûnder Hylaerd, dy syn plaets hiet 'De nachtmerje'. Dêr slepten ik en myn maet op in nacht yn 't hea. Dêr kaem de nachtmerje by my. Hy roan fan 'e fuotten ôf nei boppe ta by my op. It duorre sahwat twintich menuten. Doe koe 'k wer geluten jaen. Men mat de klompen...
nl.verhalenbank.24552
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
In nachtmerje wie in frommeske, dat de minsken in soad lêst oandie. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
nl.verhalenbank.37924
Fan sawn soannen yn in húshâlding, dy't achter elkoar oan geboaren wurde, sûnder in dochter der tusken, is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Der wurdt biweard dat men de skuon mei de hakken nei 't bêd keare mat, dan komme se net by jin. Ik ha ek wolris heard dat ien fan sawn dochters in nachtmerje is.
nl.verhalenbank.26038
5