Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
1,190 datasets found
Place of Narration: Drachten
Yn myn jonge jierren hearde ik wol gauris dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan woe 't net bûterje. Hwat se der oan dienen, wyt ik net.
nl.verhalenbank.33705
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846
It is in kear gebeurd, doe roan Ynse troch de buorren fan Bakkefean. Doe wienen der trije mannen dwaende mei 't laden fan beammen op in wein. Ynse bleau der by stean. Der wie ien beam by dy wie folle grouwer as de oaren en dy koenen se net op 'e wein krije. Doe sei ien fan harren tsjin Ynse: "Kinne jo ús in hantsje helpe?" Ynse wie tige stadich yn syn...
nl.verhalenbank.19311
Der wie in frou, dy kom de winkel yn. Sy woe aeijen keapje. "Hwat binne dy aeijen djûr", sei se tsjin 'e winkelman. "Wat noemt u duur," sei dy, "een kip heeft een hele dag werk aan één ei."
nl.verhalenbank.33249
Dêr't in forburgen skat yn 'e groun sit, dêr brânt jouns in ljochtsje. Op dy manier kin men dy skat fine.
nl.verhalenbank.26122
Jan Planting, de kunstskilder fan Drachten, hie in broer. Dat wie Ruerd. Dy wie in bytsje eigenaerdich. Op in kear stie er op 'e hoeke fan 'e Langewyk en doe seach er de kant út nei Oerterp. "Hwat dochstû hjir, Ruerd?" frege ik, hwant hy stie dêr mar to sjen. Earst sei er neat, doe wie it: "Dêr komt brân." "Hwêrre?" frege ik. "Dêrre", sei er, en hy wiisde...
nl.verhalenbank.37013
Fan in faem hearde ik - deselde faem dy't by Sytse de Boer tsjinne en in pleachbeest njonken har hawn hat - dat Sytse de Boer wenne njonken Piter Scheper. "As ik fuort woe," sei se, "dan wie Piter der soms samar yn kom en dan sei er tsjin my: - Dû kinst wol fuort gean, hwant dû krigest noait fan dyn leven de bûter klear, 't wol net -. As er dat sein hie,...
nl.verhalenbank.25403
Yn 'e Rotfalle wenne in mounder, in sekere Kuipers. Dy seach dingen foarút. Hy hie op 'e Alpen stien yn 'e Harkema en doe seach er séskippen farren yn 't Knjillisdjip. Dat wie om 1880 hinne. Letter is 't kanael forbrede en nou farre der geregeld séskippen lâns. Ek sei er, dat se sûnder tried troch de loft iten bistelle koenen to Londen. Dat is letter echt...
nl.verhalenbank.26255
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25496
Yn 'e goudsmitswinkel fan Kylstra to Drachten hearden de frou en de faem it op 'e stoepe: Stap-stap-stap- De kaei woarde yn 'e doar omdraeid. De faem en de frou sieten op 'e toanbank. Dit wie Kylstra, net ien oars, mar it wie syn geest. In skoft letter presys deselde stappen, wer krektsa de kaei omdraeid en dêr forskynde Kylstra
nl.verhalenbank.24611
35