Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
1,190 datasets found
Place of Narration: Drachten
Hearke hie ris nei Grins ta matten. Underweis to Visvliet hienen guon beammen kapt. Dy beammen moesten op 'e wein laden wurde, mar de trije man dy't dêr oer gear wienen, koenen dat net rêdde. Hearke sei: "Ik sil jim wol even helpe." Hy tilde mei gemak de beammen ien foar ien op 'e wein. Doe wienen dy trije mannen nei de herberch gong om in slokje. Se...
nl.verhalenbank.25210
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeke froeger in juffer.
nl.verhalenbank.23107
Myn âlde beppe wie op in joun bûtendoar. "Bern," sei se, "dêr komme allegearre ljochtsjes oan. En dy komme dit allegear út. Dat bitsjut hwat." Letter kommen de fytsen der. 't Wienen krekt deselde ljochtsjes.
nl.verhalenbank.24668
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
Greate Anders wie myn pake. Hy hie mear kracht as in hynder. Wy plichten de jirappels op 'e wein to dollen en lutsen de wein sels nei hûs ta. Op in kear wienen wy oan 't iten, doe bigong it to reinen. Doe moesten de jirappels gau nei hûs brocht wurde. Hy pakte 't tiksel fan 'e wein en luts se pûr allinne troch 't lân hinne nei hûs ta.
nl.verhalenbank.25204
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
nl.verhalenbank.33328
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
nl.verhalenbank.26043
Hindrik Pikelhearring fan Grinzer Pein koe mear as oaren. Bearn van der Woude sei altyd: hy is fan 'e duvel. It wienen duvelskunsten dy't Hindrik die. "Op in kear kom ik by Hindrik wei", fortelde Bearn. "'t Wie op in joune let en tsjuster. Hindrik liet my ta de doar út. 'Kinst dy allinne wol rêdde?' sei er. 'Jawol', sei 'k. 'Pas mar op', sei er. Doe't ik...
nl.verhalenbank.26057
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel. Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402
Yn Aldegea hearden se faek fan tofoaren timmerjen, as der in nij hûs boud wurde soe.
nl.verhalenbank.24867
Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte. Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme. Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte. De wacht moest melde as hy der wie. Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
nl.verhalenbank.25589
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
Wienen der sawn jonges of sawn famkes yn 'e hûs, dan wie ien fan harren in persoan dy't alles altyd sjen moest.
nl.verhalenbank.24682
Ik trof Imke us in kear yn in café yn Amsterdam. 't Wie yn 'e Bloedstraat. Hy wie dêr oan 't fijoelespyljen. It wie doe al in âld man. Ik frege him: "Kinne jo dy kunsten fan froeger noch?" "As ik woe, noch wòl", sei er. (Der wenne doe in Meijer yn dat café)
nl.verhalenbank.25588
Myn heit moest ris op in kear lammesturtsjes barre fan Wopke Gerrems de Vries, in boer. Heit dêr hinne op in joun, kofjedrinke, lang prate, doe der wer wei, de gemeentewei lâns. Doe in ein modderwei, en sa troch 't mienskar. Doe stie er foar in wringe. Doe't er oan 'e wringe ta wie, tocht er: "Jonge, dêr is brân yn 'e ien en twintich mêd by de sleat. Hoe...
nl.verhalenbank.24866
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
Mei in moard kinne se it bloed net forwiderje. Dat bloed komt altyd wer op deselde plakken, dêr't it sitten hat.
nl.verhalenbank.29403
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
Ik ha froeger as boerefeint yn Goaijingahuzen tsjinne, dat leit tusken Grou en Headammen. Ik hie forkearing mei in faem yn Sumarreheide. Snein-to-jouns gong ik altyd nei de faem ta. Dan moest ik earst mei de boat nei de Headammen ta, hwant dêr wie allinne mar forkear oer 't wetter mooglik. Dêr yn 'e Headammen stie in herberch en dêr kocht ik dan earst...
nl.verhalenbank.33329
Tsjoensters koenen har yn alle soarten dieren foroarje.
nl.verhalenbank.25563
35