Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
1,190 datasets found
Place of Narration: Drachten
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Alde Albert Scholte fan 'e Feansterheide fortelde my ris, doe't de Rottefalster Langewyk oanlein is, moesten der swiere beamstobben út 'e groun helle wurde. Dêr hienen se ús pake, greate Anders as dommekracht ta brûkt. 't Gebeurde yn 'e winter. Pake wie och sa goed, en de bange kant neist. Hy forskripte him net.
nl.verhalenbank.25209
Yn Eastemar wenne in dokter, as dy jouns fan 'e pasjinten weromkom, moest er altyd oer it tsjerkhôf, dêr't in paed oerhinne gong. Dat paed gong oer in plankje, dat oer in droege sleat lei, om 't tsjerkhôf hinne. In pear jongfeinten woenen in grap mei him úthelje. Hja krûpten ûnder 't plankje en doe't hy der oer gong seinen se mei in raer lûd: "Dû hast my...
nl.verhalenbank.36922
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Men koe in nachtmerje keare troch in fleartûke foar 't bêd to hingjen.
nl.verhalenbank.23485
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
Guon hienen in toverboek. Dy't dêryn liezen koenen fan alles komme litte. Mar sy moesten itselde ek like hurd weromlêze, oars gong it net wer fuort en dat wie net bêst.
nl.verhalenbank.36936
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan. Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har. De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
nl.verhalenbank.36705
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Alde Meint Pama wenne yn Feansterheide. Dêr siet jouns altyd in kat op it putdeksel by him bûtendoar. As se der by kommen gong dy kat dêr noait wei. Doe kom de soan der ris by en dy soe de kat der ôfjeije. Mar hy koe 't deksel der net ôfkrije. Dy kat, seinen se, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27026
Ynse wie us in kear op 'e merke. Dêr hienen se in slajut. Ynse hie ek slein, hwat mei in draei. Doe hied er hwat misslein en hy hie de man op 'e bak houd. Dat de hiele bak kapot. "Hwer komt dy klap wei?" hie de man fan 'e slajut sein. "Ut Bakkefean", hie Ynse sein.
nl.verhalenbank.25157
Myn âldelju wienen us to jounpraten. Sy soenen wer fuort om goed tolve ûre. Mar doe seinen dy lju: "Jimme komme tusken tolven en ienen net fuort, dat is gefaerlik: dan is alles warber." Doe binne se dêr bleaun oan ien ûre ta.
nl.verhalenbank.38660
By Oerterp hat froeger in herberch stien. Dêr siet ien op in joun, dy sei 't raer op. Hy hie tofolle drank hawn en spotte mei it opperwezen. Doe't it tiid wie fan sluten rekke hy der út. Hy moest oer de Skâns. Doe't er dêr wie, sloech der him ien de earm om 'e hals en draeide him yn 'e rounte, hyltyd mar troch, krekt salang oant hy der by delfoel. Hy hat...
nl.verhalenbank.19862
Duveldrek dienen se froeger ûnder 'e drompel foar de tsjoensters. Hja kochten it by David Flud (= D. de Vrieze). Ik stie dêr ris yn 'e winkel, doe kaem der in dikke keardel oan, dy mankearde altyd fan alles. It wienen dêr grapjassen by David Flud. "Hoe is 't mei de pisser?" frege David. "Aerdich goed, mynhear", sei de man "En hoe is 't mei de stuiter?"...
nl.verhalenbank.36659
Ergens yn Fryslân lei ris in skipper mei syn skip. It bigoun to winterjen en 't waerd allegear iis. De skipper koe dêr net wer wei komme. Wiken en wiken lei er dêr. Doe sei er: "Ik liz hjir achttsjin wiken ta miner skea." Doe krige dat plak de namme Minnertsgea.
nl.verhalenbank.33047
Pleachbeesten wienen yn 'e nacht warber. 't Wienen beesten, swart fan kleur, mei egen sa great as thépantsjes. Dy fleagen de minsken samar oan.
nl.verhalenbank.31650
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe. As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Yn Jobbegea stie in doomny, dy hiet fan Mol. Dy wie ris in kear op in forgadering, dêr wienen in hiel soad minsken. De sael wie groatfol. Ien fan 'e bitsjinsters kom op him ta, doe't hy der yn kom. "Kan mijnheer er door?" frege se. "O heden ja," sei doomny, "een mol kan door een klein gaatje."
nl.verhalenbank.33709
35