Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
1,190 datasets found
Place of Narration: Drachten
Wylde lantearnen waerden der froeger faek sjoen by ús yn 'e Boelensloane. 't Wienen de foarboaden fan 'e fytslampen.
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
As bern by de feart kommen waerd der sein: "Pas op, de kikkerts lûke dy der yn!"
nl.verhalenbank.37918
Oan 'e Surhústerfeansterfeart stie op it plak dêr't er útkomt op 'e hurde wei (dêr't de hurde wei bigjint) in kroechje. Ik hie in omke, dat wie Auke Schievink. Dat wie in hiele raren-ien. Op in kear kom er út it kroechje wei. Doe hied er nei de merk ta west. Hy wie oansketten en sei 't raer op. Doe wied er samar yn 'e feart slingere woarn. Troch de...
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
Yn 'e Popke-poel yn 'e Boelensloane moest ien fordrinke, wie 't sizzen altyd. Der wie ien dy hie dat fan tofoaren sjoen. Der kaem letter ien yn mei iis, mar dy is der levend wer útkom.
To Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd krekt om 12 ûre yn 'e nacht iepen. Guon minsken ha der wol om tocht.
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik. Dy...
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
Oan 'e Âld Wei to Drachten gong it by Bosma nachts altyd op in saegjen. Gong men der hinne to sjen, dan gebeurde der neat. Letter is dêr in skoalle kom. Wy hearden it altyd as wy op bêd leinen. Dan seinen wy: "Hea, der binne se wer oan 't saegjen." Mar yn werklikheit gebeurde it folle letter.
nl.verhalenbank.37911
Doe't ús heit stoar binne der oare minsken yn ús hûs kaem to wenjen. Mar dy binne der wer út gong, hwant it gong dêr nachts altyd op in klopjen. Dat wie fan 't skuonmeitsjen fan ús heit. Dat hearden dy lju alle nachten.
nl.verhalenbank.37910
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
Yn Bûtenpost rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37810
Oan 'e Boppeste-Rottefalle hat in pleats stien, dêr't nou it hûs fan Jan Veenstra is. Dy pleats is froeger ôfbrând. In soad minsken doarsten dêr jouns net lâns, hwant dêr spûke it.
nl.verhalenbank.37809
Der kaem ris ien by Sterke Hearke wylst dy oan 't ploeijen wie. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploege beet yn ien hân. "Sjoch, hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37805
Tsjoensters tsjoene in krâns yn 't kessen fan 't bern. As dat it gefal is, is 't bern bitsjoend.
In minske mat noait midden op 'e wei rinne. Dat waerd ús faek sein troch heit en dy. Oars kin er soms samar tsjin in lykstaesje oprinne.
0