Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zitten Place of Narration: Drachten
Alde Meint Pama wenne yn Feansterheide. Dêr siet jouns altyd in kat op it putdeksel by him bûtendoar. As se der by kommen gong dy kat dêr noait wei. Doe kom de soan der ris by en dy soe de kat der ôfjeije. Mar hy koe 't deksel der net ôfkrije. Dy kat, seinen se, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27026
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.23025
Der kommen ris op in kear trije man yn in herberch. De iene wie in generael, de oare in rjochter en de trêdde in doomny. Dy fregen elk in sliepplak. Doe sei de kastlein: Ik ha mar ien bêd oer, dat ik kin mar ien fan jimme trijen bêdzje. Hwa mat dat nou wêze? Ik mat earst jimme birop mar ris wite. De generael sei: "Ik ha fiif en twintich jier lein yn in...
nl.verhalenbank.32905
Der wie in kastlein. Dy hie jongfolk yn 'e jachtweide, dêr wied er forlegen mei. Hy helle Hearke der by. Hearke gong yn 't formidden fan 't jongfolk sitten mei de skonken útelkoar oer de stoel. Doe helle er samar even twa speaken út 'e stoel as wie 't neat. En hy sei bidaerd-wei: "Sokke speaken ha jim ek yn 'e stuollen. Mar as jimme net koest wêze wolle,...
nl.verhalenbank.19699
De duvel foroaret him soms yn in ekster. As ien hwat úthelle hat en hy komt thús, dan kin 't gebeure, dat der nachts in ekster op it hûs sit to skatterjen. Dat is dan de duvel.
nl.verhalenbank.26130
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem. Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
Yn Soesterberg ha 'k by 't fliegwezen west. Dêr wie in man dy fortelde oan 'e oaren dy't om him hinne sieten, hy koe samar ien op 'e stoel sitten bliuwe litte, as er dat woe. Der wie ien ûnder harren, dy woe dêr neat fan leauwe en stuts him de gek oan. Doe sei dy man: Ik kin èk noch wol hwat oars. Wedzje datstû net oan 10 ta telle kinste? Dû mast stadich...
nl.verhalenbank.33706
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846
35