Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: wit angst Place of Narration: Drachten
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen." Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje." Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
Der wie in man, dy mocht graech drank. Hy kom faek mei in sneed yn 't ear thús. It wiif woe him dat graech ôfleare. Hja hie 't al faek prebearre, mar 't woe har mar noait slagje. Op in kear, doe wied er wer fuort. 't Wie al tsjin tolven, doe kom se fan bêd ôf en doe die se 't lekken om. En doe wachte se him ôf. Doe't er de doar yn kom, swaeide se mei de...
nl.verhalenbank.32887
It mat yn earder tiden ris gebeurd wêze op 't Bûtenfallaet, net sa fier fan Drachten ôf. Dêr wenne in boer, dy hie twa feinten en in arbeider. Ien fan dy feinten liet him sa ris ûntfalle, dat er noait bang wie. Fan dy plaets kom men yn it doarp oer skeanpaden hinne. Sa nou en dan moesten se in sleat passeare en oer dy sleatten leinen planken. Op in joun...
nl.verhalenbank.33384
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
Us heit hat ris ien kear in spoek sjoen. Dat wie oan 'e Boskwei. Dêr spoeke it trouwens altyd tusken de diken. Hwat it west hat woarde er net gewaer, mar 't wie wyt en 't forweegde. Dan wie 't wer hwat greater, en dan wer lytser. Heit wie bang woarn. Hy hie de klompen ûnder 'e earms nom en hie roan sa hurd er koe.
nl.verhalenbank.35912
Yn Uthuzen (Gr.) wie in spoekskuorre. Dy neamden se de skuorre mei de wite doar. Us heit en dy ha der wol west to sliepen as se dêr op 'e bou wienen. De lju dy't dêr slepten moasten altyd sà fier fan dy doar ôfbliuwe. Dêrom hienen se dy doar wyt ferve. As der guon opnij kommen to sliepen woarden dy altyd warskôge foar de rûmte by dy doar, dêr't net ien...
nl.verhalenbank.19705
Us heit wie skipper. Wy leinen yn Haulerwyk. It wie tusken de maeijen. Heit fortelde: Yn 'e nacht moest ik der even út. Ik skoude it lûkje iepen en kom omheech. Dêr seach ik in wite gedaente, dy kom út it hûs oan 'e oare kant. Dy dûkte ûnder wetter troch. Even letter kom er werom. Heit woarde ôfgryslike kjel. Pake holp him de oare deis út 'e dream. Der...
nl.verhalenbank.22144
35