Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: vader toverij Place of Narration: Drachten
Imke en Durk fan Imke Imke de Jong stie op Drachtster merke en hy feroare syn dochter yn in blom. Dat koe er op ferskillende manieren dwaan. De iene keur die er it hiel stadich. Dan wie it ûnder al de stâle fan in blom, mar boppe wie it noch de holle fan it fanke. De oare kear feroare er har yn ien klap. Us heit stie der by mei Sikke van Dekken. 'Oh, wat...
nl.verhalenbank.13022
Imke en Durk fan Imke Heit hat ik ek meimakke, dat Imke de Jong op Eastermarre merke stie te gûcheljen en doe kaam der in boeresoan ut Jistrum by. Dy wie mei in hynder op 'e merk. Hy lake wakker en hy hie in smoarge, fize bek tsjin Imke. Imke waard lulk. Hy sei: 'Jonge, dû meist wol sjen, datst thuskomste, want ik tink net datst jûn mear hellest'. Dat dy...
nl.verhalenbank.13020
Imke en Durk fan Imke Ek op in Eastermarre merke tepte er foar Liuwe Berghús syn hûs de blêden fan 'e linebeam. Dat hat heit ek faak ferteld. Dy lineblêden smiet er yn 'e hege hoed en doe wienen it allegear gûnen. 'Oh, mei 'k ek in pear?' frege in jonge. 'Jawis wol', en Imke joech him in hânfol gûnen út 'e hege hoed. De jonge treau se yn 'e bûse, mar...
nl.verhalenbank.13019
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
Heit hat altyd koopman west. Tseard Kuorke neamden se him. Hy wie faek op stap mei omke Piter. Sy reizgen dan fan 't iene loazjemint nei 't oare. 't Wienen doe noch jonge bazen. Sa wienen se us yn 't folksloazjemint fan Terwispel. Dêr wie Jan Kluwer ek. Dat wie in hiele greate keardel. Hy hie in skeareslyp/skjirreslyp. Hy roan winters en simmers mei...
nl.verhalenbank.16842
By Durke Pyt - dy wenne op 'e Uleflucht to Drachten - kom us in jonge, dy makke in spegel roetswart. Hy frege of der ien wie, dy't graech ien sjen woe dy't dea wie. Pyt sei, sy woe graech har heit noch us sjen. De jonge bigong to mineuveljen en to roppen. Der kom in gedaente foar. 't Wie Pyt har heit, sprekend gelyk sa't hy dêr 't lêst útsjoen hie mei...
nl.verhalenbank.22873
Doe't ik sahwat seis à sawn jier âld wie, leinen wy us op in kear mei 't skip by de Lange Jammer to Bakkefean. De Lange Jammer dat wie in rige feanketen, dy't der nou allegear wei binne. Ik gûlde dêr alle dagen in healûre lang en yn dyselde tiid jammere ús hountsje oan ien tried wei en roan almar de warring yn 't roun. Heit sei: "Wy matte hjir wei, hwant...
nl.verhalenbank.29299
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
Der wienen twa bruorren, dy hienen in heit. Ik koe bêst mei dy bruorren. De heit wie by de iene soan yn. Dy soan wie troud, Doe sukkele dat wiif iderkear. Syn oare broer wenne fuortby en hat my dat forteld. Hy sei: "It gong sa: Dat frommes - myn snoars - wie bitsjoend. Sy ha har holkessen neisjoen. Dêr kom in hiele greate krâns út. Dêr sieten allerhande...
nl.verhalenbank.25565
Heit hat wol nei greate Wopke ta west. Net fanwege tsjoenderij. Heit hie 't oan 'e mage. Hy hie der al mei omdoktere, mar de dokters koenen der neat mei wurde. Doe't heit by Wopke kom, sei dy: Jo matte in mingel molke opsette en der 2 fellen skriuwpapier yn oplosse en dat opdrinke. Dan binne jo samar wer better. Dat hat heit dien en in pear dagen letter...
nl.verhalenbank.36653
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
Doe't ik noch jong wie wenne der yn 'e Boelensleane in tsjoenster, dat wie âlde Jiske Wyts. By heit en dy wie op in nacht ien fan 'e bern hyltyd oan 't gûlen. Heit en mem koenen der net fan sliepe. Heit wist sekuer dat it de skuld wie fan Jiske Wyts. Dat wie in tsjoenster. Heit wie driftich en koart. Sy neamden him Biesterveld. Doe't dat bern hyltyd mar...
nl.verhalenbank.27767
35