Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in faem, dy siet ûnder in koe to melken.
Imke kom dêr lâns.
De faem sei: "Joun."
Doe sei de koe: "Jow dy earme man even hwat molke."
De faem liet fan kleare skrik de amer mei molke oer de wereld rûgelje. Hja miende dat de koe bigong wie to praten.
Mar 't wie Imke, dy't bûksprekke koe.
nl.verhalenbank.25587
Yn 1931 wie der op 'e Suderhegewei by Drachten in dwaelljocht. De minsken wienen der stjerrend binaud foar. Hindrik Storm hie in ammerke mei molke by him, mar hy kom sûnder molke thús, sa hurd wied er útnaeid. It is net bikend of hjir foartsjirmerij fan west hat.
nl.verhalenbank.19314
Heit hat wol nei greate Wopke ta west. Net fanwege tsjoenderij. Heit hie 't oan 'e mage. Hy hie der al mei omdoktere, mar de dokters koenen der neat mei wurde. Doe't heit by Wopke kom, sei dy: Jo matte in mingel molke opsette en der 2 fellen skriuwpapier yn oplosse en dat opdrinke. Dan binne jo samar wer better. Dat hat heit dien en in pear dagen letter...
nl.verhalenbank.36653