Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern.
Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen.
It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.37916
Doe't myn skoandochter sa'n trettsjin à fjirtsjin jier âld wie, seach se yn 'e nacht yn har droom in brân. Hja seach alles hiel dúdlik. 't Wie hjir yn Drachten op Uleflecht.
De oare nachts is it hûs njonken harres ôfbrând. 't Gebeurde krekt sa as sy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.22915