Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: knecht angst Place of Narration: Drachten
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje." Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
It mat yn earder tiden ris gebeurd wêze op 't Bûtenfallaet, net sa fier fan Drachten ôf. Dêr wenne in boer, dy hie twa feinten en in arbeider. Ien fan dy feinten liet him sa ris ûntfalle, dat er noait bang wie. Fan dy plaets kom men yn it doarp oer skeanpaden hinne. Sa nou en dan moesten se in sleat passeare en oer dy sleatten leinen planken. Op in joun...
nl.verhalenbank.33384
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
Der wie in boerinne, dy har man wie stoarn. Hy wie dy deis op 't hôf kom en hja woe graech selskip ha dy nachts, hwant hja fielde har net feilich allinne. Dêrom frege se de feint of dy dêr dy nachts bliuwe woe. Mar de feint woe net. Hy woe fuort, al hoe't de frou ek oandrong. Doe't se in skoftsje allinne sitten hie, kamen der twa man by de doar. Dy fregen...
nl.verhalenbank.19969
Imke en Durk fan Imke In pear generaasjes tebek wie der yn Fryslân in Imke de Jong. Dy stie as gochelder op 'e merken. Of gûchelder? Dy't ferhalen oer him witte, binne it der oer iens: Imke de Jong wie net allinnich in echte gûchelder, hy wie folle mear. 'It wie in tsjoender!' seit Piter van der Brug. Syn wenplak witte se net te neamen. 'It wie in man fan...
nl.verhalenbank.13015
Us heit wie skipper. Wy leinen yn Haulerwyk. It wie tusken de maeijen. Heit fortelde: Yn 'e nacht moest ik der even út. Ik skoude it lûkje iepen en kom omheech. Dêr seach ik in wite gedaente, dy kom út it hûs oan 'e oare kant. Dy dûkte ûnder wetter troch. Even letter kom er werom. Heit woarde ôfgryslike kjel. Pake holp him de oare deis út 'e dream. Der...
nl.verhalenbank.22144
Oan 'e Noarder Dwarsfeart by de Hegebrêge hat in Grinslânse boer wenne. Dat wie in sekere Mandema. As jonge haw ik feint by him west. Ik slepte boppe op in keammerke. Ik hearde soms dúdlik guon by de trap opgean nei de souder. Stap-stap-stap! sa klonk it. Ik woarde binaud en sei it tsjin 'e boer. De boer sei, dat wienen de âlde feinten fan froeger, dy...
nl.verhalenbank.19852
35