Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: kist dochter Place of Narration: Drachten
Yn Suwâld wenne in deagraver, dy hâldde der altyd bargen op nei en dy hied er samar fet. Net ien koe him bigripe hoe't er dat sa hie. Der wennen yn Suwâld lju, dy hienen in famke, dêr wienen se o sa mâl mei. Sy hienen har in hiele greate moaije poppe jown, dêr't it famke altyd mei boarte. Dat famke woarde siik en rekke dea. Sy bigroeven it bern mei de...
nl.verhalenbank.23450
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage. Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen. Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?" "Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer." Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Tabe Bergsma fan Drachtster Kompenije fortelde dat hy hie in famke forlern. Wiken fan tofoaren hie er it famke al yn 'e kiste lizzen sjoen, by syn bêd. 't Wie yn 'e nacht, doe't er it sjoen hie. Hy lei doe op bêd. Sa hat er 't ek sjoen, doe't it bern nei 't hôf brocht waerd. (Tabe Bergsma wennet nou op 'e hoeke fan de Knipe).
nl.verhalenbank.30885
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
35