Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
69 results
Place of Narration: Burgum
Hjir en dêr binne plakken dêr kin men bislist net oanlizze. Op sa'n plak komt dan soms in paed út, dat fan 't tsjerkhôf komt. Dêr wurdt it lyk lâns brocht en in lyk mat altyd frij paed ha, dêr mat alles foar wike. As men dêr lizzen gong, dan gong it altyd raer en it skip rekke fêst los. Gong men in eintsje fierder lizzen, dan wie it goed.
nl.verhalenbank.29689
Spoekjende dieren Ik wit noch, ús beppe en Tryntsjemuoi wienen by ús te jûnpraten, it is wol mear as sechstich jier Iyn. En doe fertelde ús Tryntsjemuoi: 'Wy gongen hjir lâns (it is by Eastermar of it Heechsân) en doe stie dêr in dikke hûn. Dy sprong jin by it boarst op en hy sei: 'Hoe kenstû my? Ik ha alhiel gjin kunde oan dy!' Dus dy hûn prate. En...
nl.verhalenbank.12455
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha. It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar). Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304
Wite juffers Te Jistrum, oan 'e noardkant, dêr krúst de Spoekloane de wei dy't fan Jistrum nei de Grinzerstrjitwei rint. Op dat krúspunt doogde it lang net. Dêr gong wol ris in wite gestalte dwers oer de wei, flak foar de minsken lâns. Ik wit noch wol, dat ien fan Durk Jaringa's jonges-se wennen oan 'e grutte strjitwei- de jûnes nei 'De Lindeboom' yn...
nl.verhalenbank.12146
Us mem roun yn 'e sinteklazetiid mei de taeikoer. Hja kaem ris op in joun by in hûs, dêr't se taei forkocht. Doe gong se dêr wer wei, doe seach se in beest. Hja wist net hwat it wie, mar 't wie in hiel great ding. Doe't it beest tichteby wie, like it in hiele greate houn. Hy wie roetswart en hie gleone egen yn 'e kop. Mem wie deabinaud. "Ik hoopje noait,...
nl.verhalenbank.38156
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen. Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
De Spoekerspôle yn 'e Holken Yn 'e Súdwesthoeke leit yn 'e Holken in lyts eilantsje, dat hjit de Spoekerspôle. Ik ha der gauris op stien en dan tocht ik oan it ferhaaltsje dat der oan ferbûn is. Der wienen yndertiid fiskers, dy hienen dêr in tichtset. De feart fan 'e Holken nei de Dam men (Galam adammen) setten se dan nachts ticht. Der wie noch al wat...
nl.verhalenbank.12190
De geschiedenis van Sipke en Liesbet In Oostermeer staat een oude boerderij, waaraan de droevige geschiedenis van Sipke en Liesbet verbonden is. Liesbet diende als meid in de boerderij. Ze had een paar flinke handen aan haar lijf en was ook nog knap om te zien. Haar vrijer, Sipke, was een jonge dagloner van het Hoogzand. Ze hadden al een jaar verkering en...
nl.verhalenbank.9515
70