Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
68 results
Place of Narration: Burgum
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Jehannes Meerstra liet foar ús op 'e Wâl soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat hat er dien by Fije Simens, dat wie noch hwat famylje fan Jehannes. Wylst lêsde hy yn 't duvelsboek. Hy liet de tange samar út himsels om 't hurdfjûr hinne springe. Dat haw ik sels sjoen. Ik wie bang foar Jehannes en syn kunsten. De froulju liet er de klean ôfsakje en hy...
nl.verhalenbank.29668
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter. Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Myn suster hat as lyts famke bitsjoend west. Doe gongen se mei har nei Wopke ta, dy't yn Kûkherne wenne. Wopke stie by de hekke. Hy sei tsjin mem: "O, ik wit wol, hwer't jo foar komme." "Né," sei myn mem, "dat wite jo nèt." "Ja," sei Wopke, "dat wyt ik wòl." Doe sei er: "Jow my dat bern mar oer. Gean jo mar nei myn frou ta." Doe gong Wopke mei 't bern nei...
nl.verhalenbank.38150
Op 'e Wâl wienen in stik of hwat tsjoensters. Dy koenen har yn in kat foroarje. As men sa'n kat in skop joech, dan wie de tsjoenster de oare deis mank of sa. Der wenne yn Feanwâldsterwâl in frommes, dat wie yn forwachting. Ik leau, dat se Maei hiet. Dat frommes wie bitsjoend troch ien fan dy tsjoensters. Doe hellen se in duvelbander by har. Dat wie Pieter...
nl.verhalenbank.29660
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
De kleasterklok Te Starum hat lange jierren in kleaster stien, it Sint-Odolfuskleaster. Dat kleaster stie rjochtstreeks ûnder de paus, de biskop hie der net folle te sizzen . It wie in oantinken oan de sindeling Odolfus, dy't yn Gaasterlân it evangeelje brocht hie. Letter is dat kleaster oerbrocht nei Himmelum, doe't se te Starum tefolle oerlêst...
nl.verhalenbank.12136
68