Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: weg Place of Narration: Burgum
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
Doe't wy út Jistrum wei forhuzen, kommen wy oan 'e Burgumer Achterwei to wenjen. Jetse Leegsma wenne dêr ek, dêr moest ik de molke altyd weihelje. Ik moest dan in sânpaed del. "Tink der om," sei Jetse tsjin my, "ik haw in klap hawn fan 'e duvel mei de moalpûde. Tink dêr om," sei er, "noait yn 'e weinspoaren rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme...
nl.verhalenbank.27560
Wienen guon yn 'e Westerein bang dat de duvel har krije soe, dan seinen se njoggen kearen achter elkoar: "Fuort, âlde duvel, dû krigest my net." Dan koe de duvel har net krije.
nl.verhalenbank.38170
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter. Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
5