Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: hekserij duivelsdrek Place of Narration: Burgum
Yn Noardermar dienen de minsken faek duveldrek ûnder 'e drompel om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.31242
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Yn 'e wurkforskaffing fortelde ien my, dat dêr wenne by harren in tsjoenster, dy foroare har samar yn in kat. Hja hie by harren thús froeger in bern bitsjoend. Doe hie syn heit duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe se net mear by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.31972
Yn Twizelerheide droegen de bern in pûdtsje mei duveldrek ûnder 'e klean om 'e hals, om feilich to wêzen tsjin tsjoensters. As de kij net rjocht goed wienen, dan wienen se bitsjoend, dan krigen se by ús yn Jistrum duveldrek tusken de hoarnen. Ek lei der altyd duveldrek yn 'e finsterkes fan 'e stâl. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen. Dat wie dus om 'e duvel to...
nl.verhalenbank.31190
Yn Feanwâldsterwâl hat in tsjoenster ien deatsjoend. Der wienen guon ûnder dy tsjoensters, dy koenen fleane op in biezemstok. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dêr kaem in tsjoenster net oer. Om 'e sawn jier moest in tsjoenster op syn minst ien deameitsje, oars moest hja sels stjerre.
nl.verhalenbank.29662
6