Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: wild Place of Narration: Burgum
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
Doe't ik noch faem wie moest ik faek oppasse by in minske dat swier siik wie. Der siet ek in kear in frou by. Dy frou sei tsjin my: "Hearst it wol, der tikket hyltyd in horloazje. Nou duorret it net lang mear." En dochs wie der gjin horloazje. Men neamt dat in wyld horloazje. Deselde nachts noch is it sike minske stoarn.
nl.verhalenbank.27553
Doe't wy op Gariperheide wennen, seagen wy wolris in wylde lantearne. As jonge wie ik dêr bang foar hwant it praet fan 'e greate minsken gong dêr gauris oer. It tsjutte op dingen dy't komme soenen, lyk as de tram en sa.
nl.verhalenbank.31960
Wylde lantearens wienen dwaelljochtsjes. Der wenne froeger in man yn Jistrum, in sekere Roel Zijlstra, dy wie tige wyld; dêrom neamden se him wylde lantearne.
nl.verhalenbank.31186
Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
nl.verhalenbank.23613
Froeger seagen wy wol wylde lantearnen. Dat wienen ljochtsjes yn 'e nacht. Gong men der hinne, dan wie der neat. It wienen de foarboaden fan 'e lettere auto- en fytslampen, en ek fan 'e treinljochten. Myn âlde lju ha de trein riden sjoen doe't der noch gjin spoar wie. De trein flitste dêr lâns en der wie net in baen.
nl.verhalenbank.29670
It Bûtenfjild, dat wie froeger allegearre sompe en wetter. It lei achter Feanwâldsterwâl. As jy dêr op it hynder trochhinne rieden seagen jy dêr by jountiid de dwaelljochtsjes (wylde lantearnen). As jy dy ljochtsjes folgen, dan gongen jy ûnherroepelik it moeras yn en seagen se jin net wer. 't Wie de duvel dy't jin dêr hinne lokke.
nl.verhalenbank.31012
In ynwenner fan Aldegea (H.O.) hie nei de slûs ta west, nei de Fluesen. 't Wie yn 'e winter. Hy hie riden en kaem werom. 't Wie op jountiid. Healwei Aldegea seach er in frjemd ljocht. Hy sette der achteroan. It sweefde. It gong de polderdyk del. De man moete net ien. It ljocht gong troch it doarp en sweefde nei 't tsjerkhôf ta. Dêr waerd it wei yn in...
nl.verhalenbank.31303
Op Skûlenburch seagen se froeger wylde lantearnen. In wylde lantearne wie in fremd ljocht, dat oer de wei hinne gong. Men moest der noait achteroan gean, hwant sa'n lantearne wie slim misliedend. Hy brocht jen op forkearde plakken.
nl.verhalenbank.31302
35