Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vastzetten Place of Narration: Burgum
Ik haw in jonge kend fan twintich jier, dat wie in sikere Nicolai. Dy koe de minsken samar fêstsette litte. As er de minsken de hannen ynelkoar lizze liet, koenen se se net wer út elkoar krije. Letter wie er kellner yn 't Oranje-hotel to Ljouwert.
nl.verhalenbank.31240
Ymke de Jong koe de minsken stean litte, waerd der forteld.
nl.verhalenbank.31974
Jehannes Meerstra sette minsken fêst, as er dat woe.
nl.verhalenbank.31022
Op 'e oare ein fan 'e Wâl stie in âld fabryk, dat wie in sûkerijfabryk. Dêr woarde de sûkerij droege. Jehannes werkte dêr ek. Op in kear sei ien fan 'e mannen dy't dêr werkte: "Hwat ha 'k in sin oan in hearring." Fuort dêrnei waerd der bûten roppen: "Haring met kuit!" "O," sei Jehannes tsjin 'e man, dy't graech hearring ha woe, "dat treft alhielendal." De...
nl.verhalenbank.29669
Jehannes Meerstra liet foar ús op 'e Wâl soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat hat er dien by Fije Simens, dat wie noch hwat famylje fan Jehannes. Wylst lêsde hy yn 't duvelsboek. Hy liet de tange samar út himsels om 't hurdfjûr hinne springe. Dat haw ik sels sjoen. Ik wie bang foar Jehannes en syn kunsten. De froulju liet er de klean ôfsakje en hy...
nl.verhalenbank.29668
Dêr sieten guon yn in glêzen wein, dy kamen de kant fan Drachten út wei. Underweis bleauwen de twa hyns dy't foar de wein rounen, samar ynienen stean. Mei gjin mooglikheit koe de koetsier se wer oan 't rinnen krije. It wie krekt foar in herberch dêr't dat gebeurde. Doe stapte de koetsier út en roun ta de herberch yn. Hy seach hwat foar mannen dêr allegear...
nl.verhalenbank.31598
Jehannes Buma lei as militair yn 'e skoalle yn Alkmaer. Dêr wie ek in sekere Riemersma fan Grou. Op in kear marsjearde dêr bûten in kompy soldaten. Doe sei Riemersma tsjin Jehannes Buma: "Sil ik dat folkje even stean litte?" "Ja, doch dat mar", hie Jehannes sein, mar hy tocht by himsels: dat kin er dochs net. Sûnder dat er mei ien fan dy mannen fan 'e...
nl.verhalenbank.31611
Yn Gaesterlân op Kippenburg wenne in man dy koe minsken en dieren bisprekke. Se seinen dat er tsjoene koe. It gebeurde wol as ien mei hynder en wein dêr lâns ried, dan stie 't hynder ynienen stil en koe net fierder. Men kaem dyselde noait to sjen. 't Wie altyd in hiele toer om 't hynder wer oan 'e gong to krijen.
nl.verhalenbank.31400
35