Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: uitkomen Place of Narration: Burgum
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Us mem fortelde, in jongfaem fan Surhústerfean gong ris nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Hja woe graech de takomst witte. Mar dy wiersizter woe it earst net sizze. De faem hâldde oan, hja woe it witte. Doe sei de wiersizter op it lêst, hja hie de bigraffenis fan dy faem sjoen. In pear wiken letter wie dy faem dea.
nl.verhalenbank.31026
Op 'e wei fan Gariperheide nei Garyp hawwe se ris yn 'e nacht de lykstaesje sjoen fan in broer, dy't 14 dagen letter stoarn is. Syn beide foshynders rieden foar de wein. Dy't dat seach wie mei de helm geboaren, seinen se, dy wy heldersynde.
nl.verhalenbank.31973
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter. Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Heit wie boerearbeider by Kees Oostenbrug op Quatrebras. Op in kear kaem er op 'e fyts fan 't wurk. Hy ried nei hûs ta. Doe krige er in takke yn 't foarste fjild. Dy soe hy der ridendewei úthelje, mar doe sloech er oer de kop. Doe hied er in stikkene pink. Dat wie nochal hwat oankaem, hwant hy moest dêr om nei 't sikenhûs ta. Trije dagen hat er dêr...
nl.verhalenbank.31007
Heit droomde ek ris op in nacht fan in bigraffenis. Hy koe net sjen hwa't bigroeven waerd, mar hy koe oan 'e stoet, dy't achter it lyk oan roan sjen dat it famylje fan him wie. Twa dagen letter waerd der by heit en dy op it raem kloppe: "Jimme matte op 'e Streek komme, hwant Aeltsjemuoi is samar plotseling overleden."
nl.verhalenbank.31006
Alde Klare wie wiersizter. Hja wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Hja sei tsjin in kammeraetske fan my: "Dû krijst in keppel bern en dû krijst gjin leven." Dat is krektsa útkom.
nl.verhalenbank.38168
Heit wenne yn Feanwâldsterwâl. Hy wie sa'n 17 jier âld, doe hied er op in nacht in droom. Hy droomde dat yn it Bûtenfjild soe de buorkerij fan Kees Broersma ôfbrânne. Heit seach dúdlik in gleone bol op it ûleboerd. 't Wie in bol fan fjûr. En dy rolle oer de hiele naed fan 'e skuorre hinne nei de oare ein ta. Doe wie dy bol ynienen fuort. 14 dagen letter...
nl.verhalenbank.31005
Yn Eastemar wenne in man dy sei op dat en dat plak op it tsjerkhôf sil in fremde blom groeije. Hy hie dêr in fisioen fan hawn. 't Wie in giele blom, dy't er noch noait sjoen hie. Dy man is koart dêrnei stoarn. Doe kaem der op syn grêf in theunisblom to stean, dy't net ien thús bringe koe, hwant dy blom kaem yn Eastemar net foar.
nl.verhalenbank.31311
In nachtmerje is in soarte fan droom, dy't de minske ha kin. Sa'n droom, dy't letter altyd neikomt.
nl.verhalenbank.36735
Frou Groenhof fan Aldegea (H.O.) lei op in nacht op bêd. Wylst se dêr lei seach se in bigraffenis foarby gean. Hja wie doe siik. Sahwat in wike letter wie de echte bigraffenis dêr. Se seinen dat frou Groenhof mei de helm geboaren wie.
nl.verhalenbank.31310
35