Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Burgum
Sterke Fije fan Burgum loek de laden boereweinen krekt sa maklik as in hynder.
nl.verhalenbank.16775
Greate Pier wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy wenne to Kimswerd en wie fan boereôfkomst. Doe kamen der twa man oan dy't him net koenen. Hja fregen him: Hwer wennet sterke Hearke? [greate Pier?] Doe krige er syn ploege mei de rjochterhân beet, tilde him op en wiisde dêrmei nei syn hûs. En doe sloech er mei de linkerhân op it boarst en sei: "en hjir stiet...
nl.verhalenbank.31330
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze. Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen...
nl.verhalenbank.36729
De van der Meer's fan Sumar wienen tige sterk. Dêr hienen jy Folkert, Melle, Sjoerd, Sweitse, Taeke, it wie allegearre folk dat hiel hwat yn 'e bouten hie. De potskippers neamden se har. Mar 't wie eins fiskersfolk. Ien der fan hat 27 jier by ús op 'e boat fard; dat wie Taeke. Dy hie letter aeihandel yn Burgum. Op in kear moesten wy op Oldenburg in baerch...
nl.verhalenbank.36728
Hy wie stille plysje, mar hy joech noait ien preses.
nl.verhalenbank.31183
Sterke Feije wenne yn Burgum. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him en dy frege him oft er ek sizze koe hwer't dy en dy persoan wenne. Doe spande Feije de hynders út en hy hie de ploege optild - dy woech sa'n tûzen poun - en dy hied er mei ien hân foar him útstutsen. En sa hied er dy man oanwiisd hwer't dy persoan wenne....
nl.verhalenbank.27642
Mynhear Bolleman (of Bonnema) wenne yn in hûs mei in greate gracht der om hinne. Feije wie by him oan 't dekken. Doe hâldde dy mynhear in weddenskip. 't Gong der om hwa't it sterkste wie: Feije of in hynder. Se stienen elk oan 'e kant fan 'e gracht. Beide wienen se ynspand, it hynder en Feije, mei in tou tusken harren. Mar Feije wie 't sterkste. Dy luts...
nl.verhalenbank.27643
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. Hy wie dêr mei de boer oan 't dongladen. Doe't de wein laden wie moesten de beide hynders him út it skernegat lûke. Mar de hynders koenen dat net dwaen, se koenen gjin skrip krije. Doe sei Hearke: "'t Is neat wurdich mei jim." Hy die de hynders foar de wein wei en luts him sels allinne by 't tiksel ta 't...
nl.verhalenbank.31182
Sterke Hearke ried us yn 'e wein oer de Skilige Piip. Doe kommen der twa man by him, dat wienen rovers. "Oflizze", seinen se. Mar Hearke sei: "'k Sil mei jim ôfweve." Hy joech de iene mei in fjûrstien sa'n trewinkel tsjin 't wang, dat hy sei: "Dû bist murken." Dy ha se de oare deis oppakt, se koenen him samar. De oare rover wie gau útnaeid.
nl.verhalenbank.23618
Sterke Hearke wie op in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien oan dy woe wol mei him wrakselje, mar hy wist net hwa't Hearke wie. Doe frege er him, hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde Hearke de ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31181
Yn Den Helder hat Hearke in anker fan 1400 poun om 'e kaserne hinne tild om dan frij fan tsjinst to wêzen. Mar hy krige net frij.
nl.verhalenbank.31184
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy wie op in kear op it lân oan it ploeijen. Doe kom dêr in man by him, dy frege: "Witte jo hwer't Pier wennet?" Pier antwurde: "Sjoch, dêr wennet er." Wylst tilde er de ploege op en wiisde dêrmei syn hûs oan.
nl.verhalenbank.31392
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dêr kaem ris in man dy koe tige fechtsje. Hy woe 't ek ris mei Hearke bisykje. Mar hy koe Hearke net. Doe seach er in man op it lân, dy wie oan 't ploegjen. Hy wist net dat dat Hearke wie. Hwer wennet hjir Sterke Hearke? frege er. Hearke tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. Hy sei: Sjoch, dêr wennet er, en...
nl.verhalenbank.31227
Sterke Hearke wie ris op it boulân. Dêr wied er oan 't ploegjen. Doe kaem der ien by him. Dy frege him nei Sterke Hearke. Hearke hie de ploege optild. "Dêr wennet er, en dit is er", hied er sein.
nl.verhalenbank.29657
De bruorren fan Melle wienen ek yn 'e herberch. Dy seagen hwat dat mantsje yn 'e bouten hie. Hja tochten: Hjir ha wy gjin boadskip oan en se bleauwen stil dêr't se wienen. It keardeltsje gong wer nei syn plak en iet syn iten fierderop
nl.verhalenbank.31980
Der wienen twa man op 'e Lange Wyk, dy seagen Sterke Hearke oankommen. Hja woenen 't tsjin him yn 'e kant sette. Mar Hearke pakte ien fan 'e mannen beet en smiet him oer de wyk hinne. Doe wist de oare wol hoe let it wie en seach gau om in hinnekommen.
nl.verhalenbank.31599
Hy hat ris hielendal allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't it hynder it net dwaen koe.
nl.verhalenbank.29658
Germ Bouma syn heit Ielke wie by de boer yn Sumar. Hja woenen der wite hoe sterk er wie. Hy waerd altiten luije Ielke neamd, omdat er de dingen op syn deade gemak die. De boer skafte him in hiele greate âlde strontkroade oan, dy waerd folladen mei dong en dêr moest Ielke mei nei de dongskerne ta. Sy tochten net oars of dat soe er wol litte. Mar Ielke...
nl.verhalenbank.31601
Dêr kaem in man yn Kimswerd, dy moest greate Pier ha. Hy seach ien op it lân stean, dy wie oan 't ploechjen, mar hy wist net dat dat greate Pier sels wie. Hy frege dyselde hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege mei ien hân op en stuts him rjochtút en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31600
It gebeurde dat er oan it wurk wie by de Wjirrensterfeart ûnder Nyegea. Dêr wienen ek mannen út 'e Hamsterheide oan it wurk. Dy stienen net sa botte bêst bikend. Se stienen samar mei 't mês klear en as se hwat gappe koenen, lieten se 't net. It gebeurde gauris dat se it ark fan oaren by har stutsen. Mar dêr wie noait ien dy't dy Hamsterheidtsjers...
nl.verhalenbank.31602
35