Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: spotten Place of Narration: Burgum
It is yn Feanwâldsterwâl gebeurd dat ien, dy't út 'e kroech kaem en sein hie dat er net bang wie foar de duvel, ûnderweis in ein fuortsmiten woarde.
nl.verhalenbank.29673
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los. 't Koe him net folle skele hwat er sei. Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Yn Burgum is it wol meardere kearen gebeurd dat der ien smiten woarde. Sokken sieten dan earst yn 'e kroech en seinen dat se nergens bang foar wienen. Oaren seinen tsjin sa'n ien: "Jonge, tink der om, dû mast nei hûs ta." Dan sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." Even letter, út 'e herberch, woarde hy smiten links en rjochts, fan 'e iene kant nei de oare.
nl.verhalenbank.27646
Der wienen twa mannen, dy sieten yn in café. De iene dy sei: "Dêr bistiet wol hwat." De oare sei: "Né, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de oare: "Litte wy dan de duvel en God ris útdaegje." Doe gongen se togearre nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se sitten. De iene, dy't oan God noch syn gebot leaude, dage de duvel út. Doe waerd er hiel bot knypt. Wiken...
nl.verhalenbank.31607
Dêr wienen trije man op in paed nei Feanwâlden ta. Se hienen Quatrebras al even passeard. Ien fan dy trije wie in flokker. Dy hie oeral de spot mei. Doe waerd er samar tusken de beide oaren weismiten, sûnder dat se seagen hwa't dat die.
nl.verhalenbank.31606
5