Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: rijden Place of Narration: Burgum
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Ien seach yn 't foarige yn Sumar in pear ljochten skean de heide oer kommen en hy hearde dêr in gerommel by. Dat wie de tram, dy't letter kaem is.
nl.verhalenbank.24614
Adam Hurdrider ried oer it iis fan 'e Snitser mar. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Doe hearde er ien achter him streekjen. Dêr koe Adam Hurdrider net oer, dat ien him ynhelle. Soks wie er net wend. Dat hy bigoun hurder to riden. Mar dy oare ek. It streekjen fan dy oare hearde er hyltyd noch deun achter him. Doe ried Adam op 't allerhurdst, hwant dy't...
nl.verhalenbank.31386
Froeger gebeurde it wol gauris dat guon gedaenten sjoen hienen dy't sweven. Dat ha foarboaden west fan 'e lettere fytsers.
nl.verhalenbank.31582
Doe't de tram foar 't earst oer de Sumarreheide ried, tochten se dat it in bargehok wie mei twa gleone ljochten der oan.
nl.verhalenbank.31583
Doe't de tram der noch net wie kaem Hedzer-om op in joun om in ûre of tsien fan Wergea werom op 'e Sumarreheide. "Hark," sei er, "hwat is dat?" It wie in gerattel en gebolder fan jewelste. En dêr wie neat to sjen. "Dat ha wy wol honderten kearen heard," sei heit, "altyd om tsien ûre hinne." Letter ried de 10-ûre tram dêr oer de heide.
nl.verhalenbank.31572
It Barnde Lân is it plak to Sumar dêr't letter it tramsjasjon kaem is. Alde pake Tamme kaem dêr faek lâns. Dêr wie dan in stik leven, sei er, noait liker as dat men dêr stoom fleane liet. Letter waerd dêr it stasjon boud en kaem de stoomtram dêr.
nl.verhalenbank.31573
Froeger seagen wy wol wylde lantearnen. Dat wienen ljochtsjes yn 'e nacht. Gong men der hinne, dan wie der neat. It wienen de foarboaden fan 'e lettere auto- en fytslampen, en ek fan 'e treinljochten. Myn âlde lju ha de trein riden sjoen doe't der noch gjin spoar wie. De trein flitste dêr lâns en der wie net in baen.
nl.verhalenbank.29670
Heit wie boerearbeider by Kees Oostenbrug op Quatrebras. Op in kear kaem er op 'e fyts fan 't wurk. Hy ried nei hûs ta. Doe krige er in takke yn 't foarste fjild. Dy soe hy der ridendewei úthelje, mar doe sloech er oer de kop. Doe hied er in stikkene pink. Dat wie nochal hwat oankaem, hwant hy moest dêr om nei 't sikenhûs ta. Trije dagen hat er dêr...
nl.verhalenbank.31007
It barnende lân is fan it Sumarre tramstasjon oant Sumarreheide. Jouns 10 ûre ried dêr in ding lâns mei twa gleone eagen. Dat wie de foarboade fan de lettere tram. In soad lju ha him fantofoaren sjoen. Hy ried by de beamwâl lâns.
nl.verhalenbank.31316
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
35