Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: kruis Place of Narration: Burgum
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
De wite susters fan Bremen Ien fan 'e foarâlden fan myn frou—it is al lang Iyn—krige kanker yn 't boarst. Dêr wienen gjin krûden foar woeksen. Der wie noch mar ien mooglikheid: nei Dútslân, nei de wite susters yn Bremen, de wite nonnen. Dêr ha se de pasjinte—it wie in frommis—yn behanneling nommen. Se sprieken in toverformule út. Se seinen (yn 't Dútsk...
nl.verhalenbank.12993
Op 'e Simmerdyk yn Burgum is froeger in poep formoarde woarn. Sy ha him bigroeven oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Sy ha dêr in krús makke troch de pôllen gjers dêr wei to dollen. Sûnt wol dêr gjin gjers wer groeije.
nl.verhalenbank.27647
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch it kaeisgat. Sa slûpt se ta 't hûs yn. As men in ding foar de drompel leit, krúst oer elkoar hinne, dan kin se der net yn komme.
nl.verhalenbank.29659
By it Poepekrús ûnder Jistrum is in poep formoarde woarn. Se ha dêr in krús yn 'e groun makke, dêr wol noait wer gjers op groeije.
nl.verhalenbank.31198
35