Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: grond Place of Narration: Burgum
As ien fiif warten hie, dan krige er in eintsje stopjern en lei der fiif knopen yn. Dat eintsje stopjern stoppe er yn 'e groun. Dan moest hy der net wer om tinke en dan wienen in skoftsje letter de warten fuort. Hy koe ek mei de warten tsjin in lyk oan strike.
nl.verhalenbank.38165
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan. Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
In oare kear sei er tsjin 'e soldaten yn deselde skoalle: "Sil ik jimme ris fytse litte?" Dat namen se graech oan. Se moesten de egen ticht dwaen. Jehannes hâldde ien eech iepen. Sadwaende koed er alles sjen hwat der gebeurde. De soldaten sieten om 't leven to traepjen op in stoel. Doe liet er se swimme op 'e groun. Se sloegen mei earmen en skonken en...
nl.verhalenbank.31612
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes (Algra). It wie in wreed hear dy't it net folle skele koe hwat er sei. Hy naem it iene flokwurd nei it oare yn 'e mûle. Op in moarn roun er de Harsteloane del nei de boer ta. Doe mat der dêr troch in ûnbikenden smiten woarn wêze, wol sa bot, dat er net mear prate koe en neat...
nl.verhalenbank.31981
Myn man syn heit en syn broer ha ris togearre nei de klaei west, dêr't se wurken. Doe seagen se dêr in beamke. Dat beamke gong stadichoan ta de groun út mei woartel en al. En doe kommen dêr in pear bern út 'e groun wei setten. Doe gong it beamke wer yn 'e groun. Myn man syn heit en syn broer, dy seagen dat. Hja wienen deabinaud woarn. De âld man sei tsjin...
nl.verhalenbank.38153
Yn Gaesterlân op Kippenburg wenne in man dy koe minsken en dieren bisprekke. Se seinen dat er tsjoene koe. It gebeurde wol as ien mei hynder en wein dêr lâns ried, dan stie 't hynder ynienen stil en koe net fierder. Men kaem dyselde noait to sjen. 't Wie altyd in hiele toer om 't hynder wer oan 'e gong to krijen.
nl.verhalenbank.31400
Op 'e Boppewei spoeke in âlde mynhear om. Dy hie dêr in skat yn 'e groun. Mar hy kin der net oan ta komme. Der wurdt sein dat er elk jier in hoannestap tichterby komt.
nl.verhalenbank.38155
By de Skilige Piip siet ek in kiste yn 'e groun mei jild der yn. Dy sakke ek altyd djipper, as se dêr bigounen to graven.
nl.verhalenbank.38132
Hjir dwars oer hat in plaets stien, dat wie earder in lang âld hûs, noch earder wie dat in kleaster. Ik ha de fearten der noch omhinne kend. Der is nou noch ien feart fan oer. Grachten neamden wy dat. Ik wie in jonge fan sa'n fyftsjin jier, doe arbeide ik by de boer, dy't dêr wenne. Yn 'e hûs wienen koestâllen. Ik tocht der wolris om: op fjouwer stâllen...
nl.verhalenbank.38131
35