Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: geboren Place of Narration: Burgum
Guon dy't mei de helm geboaren binne, binne kûgelfrij. De froedfroulju, dy't de bern heine, knoffelen faek sa'n helm achterút, as se 't rêdde koenen. Us mem hat it wol meimakke, dat se dat dienen. Sa'n helm wie in protte jild wurdich. As in sékaptein sa'n helm hie, dan soe syn skip op sé noait forgean, al stoarme it nòch sa. Ofsieren kochten dy helms ek,...
nl.verhalenbank.38139
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan. As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Ik wyt ek noch dat er us sei: Hedzers Baeije Hedzer is nou noch soun, mar dat duorret net lang mear. Ik ha sjoen dat er to hôf brocht wurdt. It is neikom. It duorre mar in pear wiken doe woarde er siik en doe is er stoarn.
nl.verhalenbank.27550
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
By de bult yn 'e Westerein stie in húske, dêr wenne Fokke van der Heide yn. Dy hie in jonge, dy woe noait oppasse. Hy hat oan syn 21ste jier ta yn 'e gefangenis sitten. Dy jonge moest alles sjen, hy wie mei de helm geboaren. As er yn 't hok kaem, stie dêr in hynstepoat of in koepoat of hwat oars yn 't hok. Dat seach er allegear. Dat kaem der samar...
nl.verhalenbank.38161
Yn Ljouwert, yn 't steechje tsjin 't froegere stêdssikenhus oer, wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Ik wyt net of er noch leeft. Midden yn 'e nacht woarde er út bêd wei roppen en dan moest hy der út om to sjen. Soms moest er hiele einen rinne. Sokke minsken kinne dan net lizzen bliuwe. Dy man út Ljouwert seach dan in lykstaesje. Dan wist er hwa't...
nl.verhalenbank.38145
Jan Ketelaar fan Burgum wie ek mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23607
Ien dy't op in snein geboaren is, dy kin knoffelbannen lizze. Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen fantofoaren.
nl.verhalenbank.27649
Us heit wie mei de helm geboaren. Hy moest nou en dan út bêd wei nachts, dan moest hy der út om hwat to sjen. Wy hienen in famke dat siik wie. Hy sei tsjin my: "Jimme hâlde dat famke net, hwant ik haw de lykstaesje sjoen."
nl.verhalenbank.27549
35