Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
25 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Buitenpost
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Pake hat minsken kend, dy lieten soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy soldaetsjes marsjearden.
nl.verhalenbank.22860
Yn 't Wêst to Bûtenpost wennet in frou, dy hyt fan Tiet. Har man is in Klunder. Dy hat okkerjiers nei 't se sizze in frommes yn 'e Harkema bitsjoend en nou foar in fjouwer jier ús buorfrou hjirre.
nl.verhalenbank.16496
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144
Der wenne ien yn 'e Westerein, dy hie de kweade hân. Dy koenen se net ergens by 't fé litte. Hy tsjoende alle bargen samar dea.
nl.verhalenbank.19470
Hy hie in spul kaerten, dêr lei er in kop omkeard oer hinne. Even letter helle hy dy spylkaerten ien ta de jas út.
nl.verhalenbank.30965
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien dea meitsje, oars giet se der sels oan. Dêr't sawn froulju op elkoar folgje is ien in tsjoenster fan.
nl.verhalenbank.19475
Tsjoensters hâlde der popkes fan lapeguod op nei. Dêr stekke se dan mei spjelden of nuddels yn om minsken to pinigjen.
nl.verhalenbank.19461
Kaem der in sergeant mei dreigeminten by him, dan liet er dy sergeant stiif stean. Dan koe dy net in kant út.
nl.verhalenbank.30966
Ruerd van der Veen út 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dan liet er se moai marsjeare. Reid Keuning fan Koatstertille koe it ek. Dy koe ek drank ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.19476
Harm syn eigen wiif hat forteld, earst, yn 't bigjin fan 'e nacht, lei Harm njonken har op bêd. Mar even letter wie 't krekt dat der in koepânse njonken har op bêd lei. Dan wie Harm der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.22973
Frearke Fogel yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Us mem hat har mei ôflein. Doe lei der allinne mar in pânse op bêd, alles wie fuort. Mem sei: "Sa haw ik it noch noait earder mei bilibbe!" Fogel hie ûnderweis west. Hja wie der op út to tsjoenen. Underweis wie se formoarde woarn. De pânse bleau op bêd lizzen. Dat wie it lyk.
nl.verhalenbank.19468
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien. Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Stammerige Harm (= Harm Veenstra) stammere. Hy wie foddekoopman en roan to skoaijen en wjudde de strjitten en túntsjes hjir en dêr. (û.m. it terrein fan 'e froegere marechausséekaserne op 'e hoeke fan 'e Tsjerkestrjitte to Bûtenpost) Hy sleepte hwat mei de iene foet. Hy wie in tsjoenster. Syn buorman hie in pear biggen. Dêr hat er ien fan bitsjoend. Dy...
nl.verhalenbank.20016
Stammerige Harm, koe net goed prate. Dêrfandinne de namme. Hy hie in pot mei jild yn 'e groun. Dêr hied er in reidsketsje om hinne. Sa nou en dan rôp er: "Sjoerd, dû mast my helpe. Ik kin net by de pot komme. De duvel sit der by." Sjoerd dat wie syn omkesizzer. Stammerige Harm hat syn eigen wiif omkomme litte. It minske wie blyn en sy hie sekken oer...
nl.verhalenbank.16523
Jehannes Tsyske (Meerstra) wie tsiiskoopman. Dy koe de hounen samar stean litte, as er dat woe. Dat lapte er in kear yn Feanwâldsterwâl mei de hounen, dy't foar de potkarre fan Abraham Atema roannen. De hounen koenen net in poat mear forsette. Abraham wie der skjin forlegen mei. Doe sei Jehannes: "Sil 'k dy even helpe?" Hy rekke de karre mar krekt oan of...
nl.verhalenbank.16493
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere. Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
25