Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: bed Place of Narration: Buitenpost
Op in nacht leinen Klaes Jippes en 't wiif op bêd, doe fleach der in bol fjûr oer har hinne. Hja hienen in lyts jonkje, dêr wie 't omtrint oan ta west. Hja hienen deabinaud west. Dat hie Jehannes syn wurk ek wer west.
nl.verhalenbank.38423
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144
Harm syn eigen wiif hat forteld, earst, yn 't bigjin fan 'e nacht, lei Harm njonken har op bêd. Mar even letter wie 't krekt dat der in koepânse njonken har op bêd lei. Dan wie Harm der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.22973
Frearke Fogel yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Us mem hat har mei ôflein. Doe lei der allinne mar in pânse op bêd, alles wie fuort. Mem sei: "Sa haw ik it noch noait earder mei bilibbe!" Fogel hie ûnderweis west. Hja wie der op út to tsjoenen. Underweis wie se formoarde woarn. De pânse bleau op bêd lizzen. Dat wie it lyk.
nl.verhalenbank.19468
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle." "Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes." Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
5