Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Kij Jager wie ek in tsjoender.
nl.verhalenbank.16528
Alde Harm (stammerige -) fan 't Wyldpaed wie in tsjoenster. Hy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16512
Hy koe de tange by de hurd opspringe litte.
Der waerd biweard dat er frijmitseler wie.
nl.verhalenbank.38433
Der waerd biweard dat er de minsken stean litte koe.
nl.verhalenbank.38426
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
Jehannes tsiisrinder liet by Doede Postma de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster.
Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
Jehannes gong ek wol nei tsjerke ta.
Der wie ien dy frege him ris: "Foldocht it jo hwat?"
"Jawol," sei Jehannes, "ik mei sa graech oer sjongen."
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene.
Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
Op in kear wie er mei ien fan syn maten op stap. Doe hie er ynienen roppen: "Pyk, pyk!" Doe kamen der allegear hinnepykjes oan, in hiele rige, allegear moai achter elkoar, hyltyd mar mear.
"Wolst noch mear piken sjen?" hied er tsjin syn maet sein.
Pake hat minsken kend, dy lieten soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy soldaetsjes marsjearden.
Yn 't Wêst to Bûtenpost wennet in frou, dy hyt fan Tiet. Har man is in Klunder. Dy hat okkerjiers nei 't se sizze in frommes yn 'e Harkema bitsjoend en nou foar in fjouwer jier ús buorfrou hjirre.
Alde Jan Oenes siet yn 'e gefangenis, mar hy kom elke joun thús by syn mem. Dan siet er as in hazze op 'e tafel. Hy krige dan lekker iten fan har en hie er dat op, dan gong er wer nei de gefangenis ta. Hy wenne yn Sweagerbosk en wie in greate tsjoender.
nl.verhalenbank.16537
Op in nacht leinen Klaes Jippes en 't wiif op bêd, doe fleach der in bol fjûr oer har hinne. Hja hienen in lyts jonkje, dêr wie 't omtrint oan ta west. Hja hienen deabinaud west. Dat hie Jehannes syn wurk ek wer west.
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.