Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
58 results
Place of Narration: Buitenpost
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
De minsken dêr yn Ginnum hienen faek duveldrek ûnder it bêdsté. Om gjin lêst fan tsjoenderije to hawwen droegen se de himden faek omkeard.
nl.verhalenbank.32154
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
De snein-to-moarns dêroan sei ús mem: "Hwat hjir op 't hûs is, wyt ik net. Dêr roan ien oer 't dak hinne en dy sprong der ek wer ôf. Krekt as in manskeardel, sa'n plof joech it." Mar dat wie 't âld wiif, Fokke syn mem. Dy wie dêr mei de biezem delkaem
nl.verhalenbank.18116
Aeltsje Blau wie in swerfster. Sy slepte nachts by boeren yn 'e skuorre, en ek wol yn 'e wâl of yn 'e bosken. Sy strúnde altyd om. De boeren wienen bang foar har, hwant sy bitsjoende it fé woarde der sein. Op in kear wie der in koe siik by in boer. Dy hie hja oanrekke. Dy koe moest ôfmakke wurde. Aeltsje Blau krige der de skuld fan dat dy de koe siik...
nl.verhalenbank.22844
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
Yn Burgumerheide wie in bern fan Sikke Maei bitsjoend. Nou en dan spoeke der in fremde kat om 't hûs hinne. Doe hat Maei de tsjettel mei hyt wetter krige en dêr dy kat mei smiten. De oare deis siet Frearke Jel har holle yn 'e doeken. Frearke Jel wie in tsjoenster. Sy gong mei 't kuorke mei fiters, bân, jern en sa by de huzen lâns. As Frearke Jel de bern...
nl.verhalenbank.16491
Soms wie Lamke fjûrbinaud. Dan raesde se it út. Dan hie de duvel har to pakken. Op in kear kom Wessel by Lamke en dy om nei Jochum to sjen, dy't doe siik wie. Wessel wie in raren ien, dy't net botte gau binaud wie. Mar doe't er wer ta de doar út soe, sei er: Ik kin der net útkomme, hwant der stiet ien foar. Hy hie ôfgryslike raer en binaud sjoen, doe't er...
nl.verhalenbank.16526
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster. Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Om tsjoensters to kearen moest men in krús yn 'e drompel fan 'e achterdoar snije en dêr sâlt yn struije. Dêr kin in tsjoenster net oerhinne komme. In krús is heilich en sâlt is ek heilich. Men die ek wol duveldrek ûnder 'e drompel en men lei it ek wol ûnder it matsje.
nl.verhalenbank.24533
Op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl wenne Fije Antsje. Dat wie in tsjoenster. Dêr wennen in pear berntsjes neist har, dêr wie de mem fan overleden. Dy berntsjes wienen net feilich foar har. Hja wienen deabinaud foar Antsje. Der kamen krânsen by dy bern yn 'e fearrene kessens. Se ha der mei nei Wopke fan Kûkherne west.
nl.verhalenbank.38453
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
Der wie in boerefeint, dy hie in forboun sluten mei de âld feint (= de duvel). Hy wedde us mei de boer, hy soe it mollebult struijen yn trije ûren dien ha. "Dizze weddenskip hast forlern", sei de boer. Mar de feint gong noflik op it lân lizzen to sliepen. Binnen trije ûren wie alles swart. "Jo ha 't forspile", sei de feint. De âld-feint hie 't opknapt....
nl.verhalenbank.16502
Sjoerde Ael fan Sweagerbosk hat har eigen trije muoikesizzers deatsjoend mei bihelp fan âlde Lamke. Lamke wie de mem fan 'e trije jonges. Hja hienen branje to keap en mem hie der us hinne west om turf. Doe't mem thús kom hie se hiel bot pine. "Bontsje," sei se tsjin my, "helje my de pispot." Ik lake. "Ik forgean fan 'e pine", sei se. Ik helle de pispot en...
nl.verhalenbank.20011
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta. Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Hiske de Bruin fan Twizelerheide noadige my us út om kofje. Ik dronk twa kopkes leech en krige der in koekje by. Mar ik koe 't hast net troch 't kielsgat krije, ik woarde der mislik fan. Ik stie de saek net, hwant ik fortroude Hiske net. Sels krige se in bak mei tsiis. Doe sei 'k tsjin har: "Nou mat ik der út, ik wurd sa raer." Der wie skerpe tried spand...
nl.verhalenbank.20442
Piter Kempenaar syn wiif Hindrikje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Twizelerheide. Dy hat my in jier ûnder har wjokken hawn. Japik, myn man, hie in húske kocht, dat stie njonken harres. Hy wie der oan 't wurk mei de tún, doe wennen wy der noch net. Ik gong nei him ta en sei: "Hoe fier bist mei de tún, Japik?" "Ik mat hjoed jerappels sette", sei er....
nl.verhalenbank.20443
58