Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
55 results
Place of Narration: Buitenpost
Twa bruorren Feddema oan 'e Tiemewei hienen us oan 't fiskjen west. Doe seagen se midden yn 'e nacht yn 'e fierte mei ljochtmoanne waer in frommes oankommen mei in blinkend foarwerp op side. Dat woarde samar wer wei.
nl.verhalenbank.20061
Jan Popkes hie in toverboek. Dêr die er syn kunsten mei. Dêr koed er like hurd yn achterút lêze as foarút lêze.
nl.verhalenbank.28646
Ik wie in kear yn Harkema op 'e wei, dat nou de betonwei is. 't Wie doe noch in sânpaed. Doe seach ik Japik Stoarm, dy't al in skoft wei wie, troch 't hôf gean. Hy harke hwat by de syddoar. Ik naeide hurd út.
nl.verhalenbank.19965
Us heit en dy wienen oan 't wurk by in boer yn Eastemar. Sy slepten dêr ek. De boer sei, as se hwat seagen yn 'e nacht, dan moesten se net bang wurde. Heit woe fan 'e boer wite hoe let dat wie en hwer't it gebeurde. De boer fortelde it him. Doe tocht heit: "Ik wòl 't sjen." En hy frege de Heare of dy it him sjen litte woe. Dy nachts stie heit foar 't...
nl.verhalenbank.18121
Op it Spûkereedtsje, dêr ek yn 'e buert, dêr spûke ek altyd in grouwe houn, seinen se.
nl.verhalenbank.22953
Yn Feanwâlden spokke in wite juffer, seinen se en op 'e Godleas Singel spokke in wite dame.
nl.verhalenbank.38446
It Swadde-paedtsje wie sahwat oardel meter breed. Oan 'e iene kant wie in dyk mei beamguod, oan 'e oare kant de Swadde, dêr't ek beamguod bylâns groeide. Dêr wie nachts altyd in rolle fyfskaft op dat paedtsje, dat him min of mear forweegde. Dat spoeke dêr om en de minsken dy wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20015
Twa feinten kamen fan Ljouwert. Ien dêrfan wie myn swager. Doe't se sahwat oan 'e molkfabryk fan Gytsjerk ta wienen, seagen se in faem op 'e fyts oankommen. Sy wie ljochtblau yn 'e klean en de beide maten seagen har sahwat tagelyk. Sy makken noch in grapke en de iene sei tsjin 'e oare: "Hwa fan ús beiden mat dy ha?" Mar doe't se sahwat oan har ta wienen,...
nl.verhalenbank.20063
Der wienen ris twa man, dy woenen in trêdden-ien bang meitsje. 't Wie op in joun. Se gongen boven op elkoar stean, tsjin in muorre oan. Mar by einbislút woarden se allegear bang. Deselde dy't der lâns moest, sei: "Ik ha wolris twa op elkoar sjoen, mar noch noait trije", en dy naeide út. Mar doe naeiden de oaren ek út. God hie der noch ien boppe op set.
nl.verhalenbank.38457
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
In pleachbeest sit yn 'e nacht achter de minsken oan. Guon yn 'e Westerein hienen dêr wol ris lêst fan.
nl.verhalenbank.36310
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wie in Spûkereedtsje. Dat is nou in hurde wei woarn. Dêr roan froeger altyd in fôlle mei in tsjettel om 'e hals. Dy spoeke dêr. Ik ha wol famkes kend dy't dêr jouns net lâns doarsten.
nl.verhalenbank.22854
Op 'e Earmhústerwei to Burgum spoeke in man om, dy spruts elkenien oan. 't Wie in spoek, seinen se. Se wienen dêr allegear like binaud foar.
nl.verhalenbank.28638
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wjerskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20871
Men seit fan hounen dy't brune plakjes boven de egen ha, dat it spûkgûlers binne. Sokken ha eins twa pear egen. Mei it iene pear sjogge se dingen dy't de minsken gewoanlik net sjogge.
nl.verhalenbank.19459
Yn 'e Foksegatten spûke it ek altyd.
nl.verhalenbank.38444
Sibrichje Willem (Willem de Jong) wie timmerman op 'e Tille. Hy moest us in kear oer de Skeanpaden nei Stiensgea ta. Dêr op 'e planken spûke it altyd. Willem wie in earsten sûplap en in raren-ien. Dy kear wied er ek wer smoardronken. Hy kom dy jouns net thús, dat syn folk woarde ûngerust en sy binne der hinne gong. Wol in heal stik lân fan 'e planke ôf...
nl.verhalenbank.18125
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wearskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.16516
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060
Yn 'e Folgeren wie in hekke, dêr stie nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals by.
nl.verhalenbank.16505
55