Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
73 results
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Buitenpost
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea. Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us: Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
Der wie in faem, dy woe graech forkearing ha. Doe liet se har us in raer wurd ûntfalle. "As wie 't ek mei de duvel", sei se. Doe kom der de jouns in feintsje by har. 't Wie sa'n menearke. Mar sy seach wol dat it net doogde. Sy sei tsjin har mem: "Hoe mat ik hjir mei oan?" Doe joech har mem har rie. De faem sei tsjin 'e duvel: "Is 't goed dat ik earst de...
nl.verhalenbank.19473
Ik wie 27 jier, doe wurke ik by de spoarbaen yn Bûtenpost. Der wie ek in sekere Jehannes v.d Velde by de ploech. Dy kaem fan Surhuzum en wie troud mei Katootje Looijenga. Doe't er feint wie, wie 't in hiele raren-ien. Hy fortelde ús, hy hie de duvel faek útnoadige. Dy woed er wolris treffe. Hy dronk geweldich. Doe op in kear doe kaem er út 'e kroech mei...
nl.verhalenbank.30963
As der bern bitsjoend wienen, gong men nei Wopke, de duvelbander ta. Dy joech altyd drank mei.
nl.verhalenbank.30957
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje, sizze se. Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Tsjin nachtmerjes die men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36313
Om har to bifeiligjen tsjin tsjoensters droegen se froeger yn 'e Twizelerheide duveldrek yn in bantsje om 'e hals. Sy gongen ek wol hinne en bidobben trije dûbeltsjes ûnder 'e drompel, mei de koppen omheech. Dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.20017
By Karste Harmke sieten de hinnen soms achterstofoar op it rip. Se hienen de koppen omdraeid. De duvel regearre dêr.
nl.verhalenbank.16525
Yn Feanwâldsterwâl hienen se froeger rounom duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoensters to kearen. Se hienen ek duveldrek yn 'e trôch en yn 't waeifet foar 't fé.
nl.verhalenbank.38456
Jehannes tsiisrinder hie in kroech op Feanwâldsterwâl. Dêr kommen us in kear lju lâns, dy hienen in petroaljefet, dat rollen se foar har út. Doe wienen se oan 'e herberch fan Jehannes ta, doe woe dat fet ynienen net fierder. Doe liet er dy lju stean. Jehannes koe ek duvelskunsten.
nl.verhalenbank.28643
Se dienen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel, om de tsjoenster to kearen.
nl.verhalenbank.30971
De minsken dêr yn Ginnum hienen faek duveldrek ûnder it bêdsté. Om gjin lêst fan tsjoenderije to hawwen droegen se de himden faek omkeard.
nl.verhalenbank.32154
Alde Jan Popkes fan Noardermar koe duvelskunsten forrjochtsje. As 't reinde en der stienen wetterplakken op 'e dyk, dan liet er de jongefroulju dêr yn dânsje en dan dienen se de rokjes omheech.
nl.verhalenbank.28642
Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis. Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e...
nl.verhalenbank.19656
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien. Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle." "Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes." Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek. Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten. Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun. Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Der kom ris ien út Burgumerheide om in drankje by Wopke to Kûkherne. Hy gong mei it drankje werom op 'e B'heide yn en nom doe in paed, dêr't er by om in hekke hinne moest. Doe bruts it drankje. Hy gong werom nei Wopke ta en sei: "It drankje is stikken rekke." Doe sei Wopke: "Ja, dat is dêr en dêr gebeurd by de hekke. Mar ik hie tsjin dy sein, datst dêr...
nl.verhalenbank.16495
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
It gebeurde yn Burgum. Ik en noch ien roannen togearre op 'e wei. Dy persoan njonken my siet fol wrok. Hy wie siedend fan binnen. Hy wie op wei om ien hiel bot ôf to ticheljen, sa lulk hied er him op dyselde makke. Wy gongen in stik lân oer. Doe woarde er by my wei krige en hy woarde delsmiten yn in rit, dêr't wy in skoftsje fan tofoaren lâns kom wienen....
nl.verhalenbank.28637
73